Fryske Foarlêswike Selskip fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober

Yn de lêste wike fan septimber sille goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 nije Tomkeboekjes mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlden mei nei hûs krije. Foar it earst hawwe mear as 400 lokaasjes harren oanmeld foar de Foarlêswike. Ek ûngefear 250 gastâlden sille meidwaan.

Tomkeboekjes yn it Frysk, Biltsk en Stellingwerfsk.

It nije Tomkeboekje ‘Tiid foar Tomke!’ is in spesjaal jubileumboekje, nammentlik nr. 25. It boekje stiet wer fol mei ferhaaltsjes en ferskes en der sit in jubileumspultsje by. Foar de 10e kear komt it Tomkeboekje ek wer út yn it Biltsk. Sa kinne de pjutten op it Bilt ek foarlêzen wurde yn harren eigen taal. Alle jierren ferskine der ek Tomkeboekjes yn it Stellingwerfsk.

Keimpe de Krokodil
Neist it Tomkeboekje is der yn de biblioteken noch in kadoke te finen. It twadde Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlden en learkrêften) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Yn it Keimpe-boekje ‘De winskmasine’ steane ferhaaltsjes om foar te lêzen en ek foar begjinnende lêzers om sels te lêzen. Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen, en hielendal net yngewikkeld.

Tomke sit klear foar de Fryske Foarlêswike

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep/Afûk. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Thuishuis Tomke yn Beetstersweach sertifisearre as ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’

Tomke
Op woansdei 12 oktober is it feest by Thuishuis Tomke, bernedeiferbliuw yn Beetstersweach. Thuishuis Tomke wurket sûnt oktober 2014 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it sertifisearringstrajekt no ôfrûne. Sy hawwe it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Yn it ramt fan de sertifisearring is it feest. Riemkje Pitstra sil in Tomkeferhaaltsje foarlêze, oer it bernedeiferbliuw en it beheljen fan it sertifikaat. Dit ferhaal hat sy spesjaal foar dizze gelegenheid skreaun. At de âlden de bern wer ophelje oerlanget Johanna Zaagmans fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang it sertifikaat oan eigner Gjilke de Rooi en stiet der in hapke en in drankje klear.
 
Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om lokaasjes dêrby te helpen. Der binne al rom 195 lokaasjes dy’t it taalbelied ynfierd hawwe en dat oantal is noch altyd groeiende.
 

Continue reading “Thuishuis Tomke yn Beetstersweach sertifisearre as ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’”

Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ yn Hijum sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Foto: SFBO
Op tiisdei 6 oktober 2015 wie it feest op pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ fan Sisa yn Hijum. Riemkje Pitstra hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Antsje Francis oerlange. It boartersplak wurket sûnt july 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en yn dat ramt fiere sy feest. Foar âlden en bern hat Riemkje Pitstra in foarstelling spile. Oan ‘e ein fan it feest wie der foar elk wat lekkers.

Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 185 en is noch altyd groeiende. Continue reading “Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ yn Hijum sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”

Bernewrâld Reduzum no offisjeel meartalich

Op tongersdei 5 july kriget bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum it sertifikaat ‘Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling.’ Op dizze dei sil net allinich it sertifikaat oerlange wurde, mar is der ek iepen hûs foar de âlden dy’t harren bern al op Bernewrâld hawwe. Bernewrâld hat nammentlik in nij ûnderkommen. De âlden kinne dy deis de nije romte besjen ûnder it genot fan in hapke en drankje. Dernêst is der op 14 july, fan 10:00 oant 15:00,  iepen hûs foar elkenien dy’t nijsgjirrich is. Foar de bern binne der in tal fan aktiviteiten, sa as in ranjakabouter en kin der sminkt wurde. De opfang fan Bernewrâld is begûn yn in wenhûs oan de Haadstrjitte, mar ferhuzet no nei de oare kant fan de dyk. Hjir hat in grutte ferbouwing west om in prachtich deiferbliuw te realisearjen. De bern krije mear romte, mar de opfang bliuwt lytsskalich! Bernewrâld is in Frysktalich bernedeiferbliuw en it Nederlânsk wurdt oanbean yn ôfbeakene taalaktiviteiten bygelyks troch in sjongferske, opsisferskes en it foarlêzen fan boekjes.

Sûnt 1 maaie 2008 hat bernedeiferbliuw Bernewrâld dwaande west mei it sertifisearringstrajekt. De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende: “Wat opfalt is dat de liedsters, alles beneame wat sy sjogge, wat de bern dogge en wat sy tinke dat der mei in bern is.” Dat Bernewrâld it sertifikaat fertsjinne hat, docht bliken út wat de fisitaasjekommisje yn harren konklúzje seit: “Benammen it taalklimaat is sterk. De sfear yn de groep is posityf en feillich.” Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 120 en is noch altyd groeiende.