Bernedeiferbliuw Ringeling fan Dronryp behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Sûnt oktober 2006 wurket bernedeiferbliuw Ringeling yn Dronryp mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Al yn 2008 hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Om de trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft der op Ringeling noch foldien wurdt oan de easken. Ek diskear wie dat wer yn oarder en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is wer foar trije jier ferlinge.

Ringeling en twatalichheid

Ringeling heart by Stichting Kinderopvang Friesland, in organisaasje dy’t yn it grut part fan Fryslân ûnder oaren berne- en pjutte-opfang oanbiedt. 65 fan har lokaasjes wurkje mei in twatalich belied.

It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: in part fan de pedagogysk meiwurkers biedt it Frysk oan, en in part it Nederlânsk. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

foto: SFBO

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Ringeling west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Yn har rapport skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘It is dúdlik dat dizze pm’ers in protte ûnderfining yn it wurk hawwe. Dêrby hawwe se ek sichtber wille yn it wurk en leafde foar de bern. It beneamen fan hannelingen fan de pm’ers of by de bern giet as fansels, sa wurkje jimme hjir. Yn it neipetear litte de pm’ers my in foarbyld sjen fan in foarlêsdoaze, it is prachtich! De bern stean der dan ek al gau omhinne. Ek yn de ien op ien mominten mei de bern sa as de flesse jaan, ferskjinje en op bêd bringen is der oandacht en bliuwe jimme rêstich nei de bern ta.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Ringeling begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *