Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

Tresoar is der bliid mei om mei te dielen dat it Algemien Bestjoer Arjen Dijkstra (1979) as nije direkteur beneamd hat! Dijkstra begjint op 1 oktober 2022 by Tresoar. Hy folget Bert Looper op, dy’t ferline jier july syn direkteurstaken dellei. It ôfrûne jier is er ferfongen troch Rien Vrijenhoek (a.i.). 

Arjen Dijkstra is no noch direkteur fan it Universiteitsmuseum fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Yn dy funksje begelate er de werynrjochting fan it museum. Hy sette him boppedat yn om it publyk by de wittenskip te belûken. Ek advisearre er it kolleezje fan bestjoer fan de Grinzer universiteit op dat mêd.  

Gina Kamsma, foarsitter fan it Algemien Bestjoer fan Tresoar, is entûsjast oer de beneaming fan Dijkstra: ‘Arjen bringt in soad ûnderfining mei en we ferwachtsje in soad fan him. Mei frisse eagen en each foar de kânsen dy’t der lizze foar it duorsum tagonklik meitsjen fan de Kolleksje Fryslân, de fierdere ûntwikkeling fan de ynterne organisaasje en Obe by Tresoar, poadium foar Fryske kultuer. Arjen kin fierder bouwe op de suksessen fan syn foargonger Bert Looper. We sjogge út nei de takomst mei Arjen as ynspirator en ferbiner oan it roer.’

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar. Foto: Gerhard Taatgen 

Dijkstra studearre skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy spesjalisearre him yn kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre er oan de Universiteit van Twente. Fan 2011 ôf wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre er de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrneist die er histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk, ûnder oare nei de skiednis fan it Frjentsjerter Planetarium. Dat resultearre yn 2021 yn in biografy, dy’t in soad besprutsen waard, fan de Fryske astronoom Eise Eisinga (1744-1828). Sûnt 2018 jout er lieding oan it Universiteitsmuseum. 

“It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar!”


Dijkstra oer syn beneaming: ‘It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar. Ik sjoch der nei út om gear te wurkjen mei it sterke en motivearre team. Al fan de oprjochting ôf, no eksakt 20 jier lyn, kom ik by Tresoar en ik ha bewûndering foar alles wat yn dy jierren berikt is. As lid fan de Fryske mienskip wol ik graach it ferhaal fan Fryslân fierder útbouwe en Tresoar fersterkje as sintrum foar kultueroerdracht, stúdzje en moeting. It is de kulturele skatkeamer fan it Noarden!’

Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”

Útnûging: Stoomkursus Fryslânkunde yn Provinsjehûs

Op tongersdei 23 febrewaris 2017 jout Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn it Provinsjehûs in stoomkursus Fryslân-kunde.
Ankom jier wurde hûnderttûzenen besikers yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân 2018 yn Fryslân ferwachte.

Detail fan brievehaad busbedriuw Albert v.d. Mei (foto: Tresoar)
Detail fan brievehaad busbedriuw Albert v.d. Mei (foto: Tresoar)

Mar binne de Friezen der klear foar? Witte se foldwaande oer de skiednis fan harren eigen provinsje? Kinne se de fragen fan al dy gasten beäntwurdzje? Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, wol elkenien graach byprate oer de nijste ynsichten yn it ûntstean en de ûntwik-keling fan Fryslân. Yn in wiere ‘stoomkursus’ wurde de dielnimmers foarsjoen fan foldwaande bagaazje om as ambassadeur fan Fryslân it jier 2018 troch te kommen.
De kursus bestiet út ferskate eleminten. Continue reading “Útnûging: Stoomkursus Fryslânkunde yn Provinsjehûs”