De Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.
Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen. Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.
Lytse talen
De ôftraap fan it feestprogramma is op 8 augustus mei de Katalaanske spylfilm ‘Estiu’. De film is ûnderdiel fan de ‘Zomerbios’ fan de ‘Terschellinger Filmdagen’. De folgjende woansdeitejûn, 15 augustus, stiet Paulus de Boskabouter op it poadium. It lústerboek ‘Et ynstroeperke‘ wurdt dan mei byld fertolke yn de trije ûnderskate dialekten fan Skylge. Útjouwer Maarten de Meulder fersoarget in ynlieding.
Fryslân en de Fryske taal stean sintraal op 22 augustus as nei in film en in kwis it sertifikaat ‘Fryslânkunde’ behelle wurde kin. Tresoar-direkteur Bert Looper is dy jûn ús gasthear. De slotjûn op 29 augustus stiet bol fan de muzyk. De simmerske band Xera-Raíz! lit dan tradisjonele ynstruminten klinke út Asturië.
Tagong
It jubileumprogramma is – útsein de film – fergees tagonklik. De feestjûnen binne op 8, 15, 22 en 29 augustus hieltyd om 20:00 oere. Kaarten foar de film binne te krijen fia www.terschellingerfilmdagen.nl. Sjoch foar mear ynformaasje oer it (kursus)programma en oer de mooglikheden om te oernachtsjen op: www.folkshegeskoalle.frl.
It programma is makke yn gearwurking mei Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018, Lân fan Taal, it EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen), De Terschellinger Filmdagen, Útjouwerij De Meulder en Tresoar.