Frysk taalbelied wurdt earder swakker as sterker by gemeentlike weryndielings. Dat blykt út ûndersyk dat DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, útfiere litten hat troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It ûndersyk is útset nei oanlieding fan de advysfraach fan de provinsje oft der by weryndielings foldwaande omtinken is foar it Frysk. Deputearre Sietske Poepjes hat it rapport tongersdei 18 oktober yn ûntfangst naam.
Continue reading “Frysk taalbelied ûnder druk by gemeentlike weryndielings”