Frysk taalbelied ûnder druk by gemeentlike weryndielings

Frysk taalbelied wurdt earder swakker as sterker by gemeentlike weryndielings. Dat blykt út ûndersyk dat DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, útfiere litten hat troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It ûndersyk is útset nei oanlieding fan de advysfraach fan de provinsje oft der by weryndielings foldwaande omtinken is foar it Frysk. Deputearre Sietske Poepjes hat it rapport tongersdei 18 oktober yn ûntfangst naam.


Undersikers Anna Fardau Schukking en Edwin L. Klinkenberg fan Mercator giene nei hokker rol de Fryske taal spilet yn de fúzjeprosessen fan fjouwer gemeenten. De fraach oft weryndielings in bedriging foarmje foar it Frysk taalbelied stie dêrby sintraal. It ûndersyk rjochtet him op de fúzjes fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke, dy’t yn 2018 plakhân ha en de fúzje fan Noardeast-Fryslân, dy’t yn 2019 plakha sil. It Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden stelt dat de nij te foarmjen gemeente de befoardering fan it Frysk net yn it paad stean mei.

De bestjoerlike kaart fan Fryslân is yn beweging en de ferwachting is dat it tal gemeenten yn de takomst fierder ôfnimt. Dêrby fusearje ek Frysktalige plattelânsgemeenten mei gemeenten mei in mear stedsk karakter, dêr’t it Frysk in minder grutte rol spilet. Op grûn fan de Wet gebrûk Fryske Taal (2014) hawwe Fryske gemeenten de ferplichting om in taalbeliedsplan op te stellen en in taalferoardering te hawwen om de posysje fan it Frysk te befoarderjen. De ferwachting is dat alle Fryske gemeenten dat yn 2020 regele hawwe.
Taalbelied ôfhinklik fan bestjoerlike ynset It Ryk, provinsje Fryslân en de nije fúzjegemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke ûndertekenen op 17 novimber 2017 sa’n bestjoerlike oerienkomst oangeande it Frysk taalbelied. De noch te fusearjen gemeente Noardeast-Fryslân sil sa’n oerienkomst letter dit jier ûndertekenje.
Schukking en Klinkenberg stelle yn it rapport dat weryndielings faak liede ta kompromissen en yn guon gefallen ta efterútgong op it mêd fan it Fryske taalbelied. Dat lêste jildt benammen foar de ynwenners fan de eardere, tige Frysksinnige gemeente Littenseradiel, dy’t opdield waard yn de nije gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.
Ek foar bygelyks de ynwenners fan de âlde gemeente Wymbritseradiel, dy’t troch de fúzje mei Súdwest-Fryslân yn in selde situaasje kaam binne, jildt dat se der op efterút gean binne as it om it Frysk giet. Neffens âld-wethâlder Germ Gerbrandy fan Wymbritseradiel, dy’t meiwurke oan it ûndersyk, falt of stiet it Frysk mei de politike wil om de taal te brûken en te stypjen. Ek oare bestjoerders en amtners, dy’t meiwurken oan it ûndersyk, stelle dat gemeenten sels in belangrike rol spylje by de útfiering fan taalbelied. Yn it ûndersyk falt oan de oare kant it betrouwen op ûnder amtners dat it Fryske taalbelied yn de nije gemeente Waadhoeke goed regele wurde sil.
Opfallend is dat de Fryske taal by alle fjouwer fúzjegemeenten min omtinken krijt yn it sport-, soarch- en rekreaasjebelied. Wat fyzje op it mêd fan taalbelied oanbelanget ferskille de gemeenten faninoar, en ek de beskikbere budzjetten foar it útfieren fan it belied en it oantal fte’s dat ynset wurdt foar de stipe fan in taalamtner binne frijwat ûngelyk.
Provinsjale stipe belangryk foar taalbelied Alle fjouwer fúzjegemeenten lizze de fokus op meartaligens, om’t se neist it Frysk ek noch rekken hâlde mei oare taalfariëteiten, lykas it Biltsk, Stedsfrysk, Kollumers, mar ek allochtoane talen. Op it net neilibjen fan it Hânfest en de Wet gebrûk Fryske taal stean gjin konkrete sanksjes en dat makket dat taalbelied wolris sjoen wurdt as wat frijbliuwends, al helpe bestjoerlike oerienkomsten wol om Frysk taalbelied serieus te nimmen. Ek finansjele stipe fan de provinsje helpt gemeenten om it Frysk op in heger plan te tillen kwa taalbelied.

Oanbefellings

Belangrike oanbefellings fan de ûndersikers oangeande rinnende en nije fúzjeprosessen en weryndielings binne:
 Soargje foar strukturele finansjele middels foar de útfiering fan taalbelied
 Bring beskikbere budzjetten foar taalbelied better yn byld
 Meitsje de posysje fan taalamters dúdliker en promininter
 Draach taalbelied organisaasjebreed út en sykje gearwurking mei soarch, sport en ûnderwiis
 Stimulearje aktyf de kontakten en útwikselingen mei Europeeske minderheidstaalgebieten
 Doch mear ûndersyk nei ‘good practice’ fan taabelied yn oare minderheidstaalgebieten
 Undersykje hoe’t gemeenten mei minimale middels maksimaal resultaat berikke kinne
It hiele ûndersyksrapport fine jo yn de bylage. DINGtiid sil nei oanlieding fan dit rapport in ‘DINGpetear’ (rûnetafelpetear) organisearje foar de oanbelangjende gemeenten. Mooglik sil dit noch oanlieding wêze foar in offisjeel advys fan DINGtiid.

NB: it rapport fan Mercator hat gjin rekken mear hâlde kind mei de nijste taalbeliedsplannen. Sa hat de gemeente Waadhoeke woansdei 16 oktober 2018 in nij taalbeliedsplan presintearre, en al in pear wike lyn die Ljouwert itselde. Dy lêste krige dêrop protest, dat derta laat hat dat de gemeente in wurkgroep gearstalle sil om it Ljouwerter taalbelied nochris goed te hifkjen. Yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân wurdt op it heden wurke oan in nij taalbelied, dat neffens ferwachting ek op koarte termyn fêststeld wurde sil.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *