Estiu

Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Lês mear…

 Scroll to top