Nasjonale Foarlêsdagen

Fregesto dy as pjutteliedster of beukerjuf ek wol ris ôf hokker boeken no echt de muoite wurdich binne om oan te skaffen op de groep? De Afûk hat in set fan seis prachtige printeboeken gearstald en by alle seis titels in lesbrief makke. It pakket – 6 boeken mei de lesbrieven der op ta – is no te keap yn harren websjop. Ek hiel leuk én handich om wat mei te dwaan mei de Nasjonale Foarlêsdagen fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris!

printeboeken

De boeken binne selektearre om de ‘rike’ teksten en yllustraasjes. Dat wol sizze dat it boek nijsgjirrige ûnderwerpen behannelt dy’t bern oan it tinken sette, goed formulearre teksten befettet mei in ryk ferskaat oan wurden en rake, prikkeljende yllustraasjes hat. Sa’n ryk printeboek is poergeskikt om in skoftke sintraal te stellen en ferskate aktiviteiten om hinne te organisearjen.

It boekepakket bestiet út de boeken: Buorman Brombear, By beppe útfanhûs, De Grutte Griene Grizel, Omke Ûle past op, Skelte wol in Skelter en De Lytse Walfisk.

De lesbrieveset bestiet út in bewarmapke mei mear ynformaasje oer foarlêzen en tips oer hoe’tst safolle mooglik út it foarlêzen helje kinst. Yn it mapke sit by alle seis boeken in lesbrief mei spesifike tips by it printeboek en de tema’s dêromhinne.

Nasjonale Foarlêsdagen

Mei de Nasjonale Foarlêsdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Op 25 jannewaris sette de foarlêsdagen tradysjoneel útein mei it foarlêsmoarnsbrochje. Fierders wurde der troch it hiele lân ferskate foarlêsaktiviteiten organisearre. By it printeboek fan it jier ‘Maximiliaan Modderman geeft een feestje’ is ek in Fryske lesbrief makke! En by de de bibleteek leit boppedat it nije Tomkeboekje ‘Help foar Kornelia’ klear foar alle lytse lêzers. Hielendal fergees! Sjoch ek www.nationalevoorleesdagen.nl.

Grut Foarlêsfeest ôftraap foar ‘Lês-mar-foar-wiken’

Fan 5 oant en mei 30 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn
Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje dat fan ‘t jier it tema ‘thús’ hat. Nei it foarlêzen op de
pjutte-opfang krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dêrnjonken is it boekje de hiele moanne fergees te krijen by de biblioteken en konsultaasjeburo’s.

Nije namme, selde doel
Omdat de organisaasje feroare is, is de namme ‘Fryske Foarlêswike’ feroare yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Net mear ien wike yn juny, mar de hiele moanne septimber wurdt der no yn it Frysk
foarlêzen. Wat ek nij is, is dat alle pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra yn july in foarlêspakketsje krigen ha. Mei dat pakketsje kinne foarlêzers harren alfêst tariede op de Lês-mar-foar-wiken.

Grut Foarlêsfeest
Sneon 3 septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken feestlik ôftrape mei in Foarlêsfeest. Alle pjutten binne dy dei wolkom by Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Fan 10.00 oant 15.00 binne dêr allegear leuke aktiviteiten om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne: foarlêzen, sels lêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… Kaartsjes foar it feest binne te krijen fia paviljoenmem.nl.

Nij Tomke-boekje
It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’ en sit wer grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en
gedichtsjes. De ferhaaltsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: oer ferhúzje, in pyamadei en plakhúskes. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Nij Keimpe-boekje
Keimpe de Krokodil wol, krekt lykas Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar de âldere bern (4-8 jier) leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear. It boekje hjit ‘Nei bûten!’. Wolst mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl.

Feest yn de biblioteek!
Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Sa kinst wekker wurde yn ‘e sliepkeamer fan Tomke, mei de muzikale foarstelling ‘Us hûs!’ fan Janneke Brakels. Of kom nei in foarstelling fan Geartsje Douma, dan giest yn dyn pyama nei de biblioteek om mei Tomke en Kornelia in
pyamafeestje te hâlden. Yn guon biblioteken kinst ek mei Tomke op ’e foto. Hast it nije Tomke-temaboekje noch net? Dat is hjir ek te krijen!

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foar-wiken’
Fan 5 septimber ôf binne der wer hagelnije Tomke-útstjoeringen op ’e telefyzje, yn it programma ‘Tsjil’ by Omrop Fryslân. Nij dit jier: op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it boekje te hearren!

De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep. Sjoch foar mear ynformaasje oer alle festiviteiten yn de Lês-mar-foar-wiken op Tomke.frl.

Tomke tien jaar in ’t Bildts en dat mot fierd worre!

’t Is nou foor de tiende keer dat ’t themaboeky ‘Tomke’ in ’t Bildts ferskynt. En at d’r ’n pretsy komme mot, dan mot dat fansels altiten weze en dat fiere wij útteraard met peuters/kleuters fan 3-6 jr.

Dut fesy sil op saterdeg 25 septimber e.k. plakfine in de bibletheek fan St.-Anne en ’t begint om 15.00 uur. Bauky Luinstra en Hein Jaap Hilarides sille deuze overdâg ’t programma fersorge.

Foor de kines is d’r fansels ranja met wat lekkers d’rbij en foor de ouweloi is d’r koffy of thee.

Wel wille wij graag wete hoefeul kines d’r komme op ’t fesy fan Tomke. Dus wille jim d’rhine, haal dan even ’n fergeefse kaart út de bibletheek. Klopt, foor ’n kaartsys hoeft niet betaald te worren. Dat sou ok ’n núvvere boel weze at wij jim betale late foor ’n fesy!

Heel graag tot saterdeg 25 septimber e.k.

Tomke jierdeisfeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfakken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t ek de nije Tomke-skriuwers bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

‘Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat de moanne juny Tomke-feestmoanne wêze soe mei in Tomke-tour, allerhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomke’s jierdeifeestje net ien grut feest makke mar trije lytsere feestjes. It feest wie der absolút net minder om!’

Foto: Hippe Kiek Fotografie – Sjoeke

Jierdeisfeestje foar de lytskes

Mei it fleurige Tomke-draaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomke-ferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest kompleet.

It ‘grutte-minskefeestje’

Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomke-projekt. Der wie in tal sprekkers en ek de nije Tomke-skriuwers waarden bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomke-skriuwwedstriid organisearre. Goed 60 moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: ‘Tomke bestiet 25 jier mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.’

Fryske Foarlêswike 1 o/m 5 juny 2015: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 1 o/m 5 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Hoi Tomke!’.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt fan 1 o/m 5 juny foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedei-ferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike Continue reading “Fryske Foarlêswike 1 o/m 5 juny 2015: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten”