De FNP, de Freonen fan Omrop Fryslân en de Ried fan de Fryske Beweging lansearren op sneon 15 desimber de aksje ‘Romte foar Omrop Fryslân’. It giet om in on-line petysje tsjin it plan fan it ryk om Omrop Fryslân yntegrearje te litten by de lanlike publike omrop en der tagelyk stevich op te besunigjen. Neffens de inisjatyfnimmers hat Omrop Fryslân as iennichste Frysktalige omrop in oare posysje. Ek is it plan yn striid mei ferskate ynternasjonale ferdragen, lykas it Hânfêst foar Minderheidstalen, en ek yn striid mei eardere ôfspraken tusken ryk en provinsje oer Omrop Fryslân. By de start fan de aksje krige direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân in list fan 50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat út hannen fan Annigje Toering en Nynke Beetstra fan de Frysk Nasjonale Partij.
50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat
- Ik kin dochs net sliepe sûnder Bear Boeloe
- Wa docht dan live-ferslach fan de PC? En…
- Wêr kin ik it oare keatsen folgje?
- Wêr kriget Fryske streektaal yn muzyk in poadium as Radio Froskepôle ferdwynt?
- Wa lit my bylden sjen fan Fryslân hoe’t it eartiids wie?
- Hoe krij ik myn bern oan it lêzen sûnder Tomke?
- Fryske keunst en kultuer yn K-rûte; dat fynst dochs nearne oars?
- Wêr sjoch ik de nijste Fryske hits sûnder Klipkar+? En…
- Wêr kinne leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands terjochte sûnder it Koperkanaal
- Wa lit dan de Fryske Top-100 sjen en hearre?
Continue reading “50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat”