EBLT Presents: WALLS – Akinni Inuk

Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en – aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede.

oer de film

De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan Sofie Rørdam en Nina Paninnaq-Skydsbjerg is op meardere flakken in útsûnderlike reis. Wat begûn as in projekt dêr’t detinearden yn in finzenis yn Nuuk fideokamera’s krigen om har eigen libben fêst te lizzen, groeide út ta in oandwaanlik en wêzentlik ferhaal oer leafde, hoop, minsklike empaty en de striid om in twadde kâns.

Sintraal stiet Ruth Mikaelsen Jerimiassen, al tolve jier foar ûnbepaalde tiid fêst – finzen yn in juridysk nimmenslân tusken Grienlân en Denemarken. As Sofie Rørdam en Nina Paninnguaq-Skydsbjergen de finzenis besykje foar harren filmprojekt, reitsje Ruth en Nina befreone. Troch har yntime petearen ûntdekke se in dield traumatysk ferline en realisearje se har dat se inoar helpe kinne om te ûntsnappen oan de boeiens fan sawol de finzenis as it ferline. It resultaat is in krêftich portret dat de betsjutting fan frijheid op sawol yndividueel as maatskiplik nivo befreget en sûnder sensaasjesucht swiere tema’s as geweld, rjochtfeardigens en kolonialisme behannelet.

WALLS – Akinni Inuk gie dizze maitiid yn premjêre op it CPH: DOX-festival yn Kopenhagen, dêr’t it de NORDIC: DOX Award wûn, en wie dêrnei ûnder oare te sjen op festivals yn Toronto en Haugesund. De film waard nominearre foar de Nordic Council’s Film Prize en is de earste Grienlânske dokumintêre ea dy’t selektearre waard om it lân te fertsjintwurdigjen by de 98ste Academy Awards. WALLS – Akinni Inuk belibbet op it Noordelijk Film Festival de Nederlânske premjêre.

  • rezjy: Sofie Rørdam, Nina Paninnguaq Skydsbjerg
  • ûndertiteling: Ingelsk
  • taal: Grienlânsk
  • produksjelân: Grienlân
  • jiertal: 2025
  • filmdoer: 1 oere 25 min

mear ynformaasje

EBLT en Slieker presintearje Grienlânske dokumintêre ‘The sound of a revolution’ op Ynternasjonale Memmetaaldei

SUME_Poster_70x100_UK_t011Op tiisdei 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film tegearre de priiswinnende Grienlânske dokumintêre Sumé – the sound of a revolution. Dizze dokumintêre, dy’t yn it Grienlânsk Sumé – Mumisitsinerup Nipaa hjit, fertelt it bysûndere ferhaal fan de alderearste Grienlânske rockband Sumé. Dy band makke tusken 1973 en 1976 trije platen mei tige krityske teksten yn it Grienlânsk en levere sa in ûnmisbere bydrage oan de striid fan Grienlân foar selsbewustwêzen en selsbestjoer. De film is yn it Grienlânsk en Deensk.

Mei help fan unike argyf-opnames út it Grienlân fan de jierren ’70 wurdt in bysûnder ferhaal ferteld, dat neffens EBLT en Slieker Film hiel goed past by Ynternasjonale Memmetaaldei. Njonken de Grienlânske dokumintêre presintearje EBLT en Slieker Film ek noch twa koarte films. De koarte Ierske film Rúbaí fertelt it ferhaal fan in 7-jierrich famke dy’t de pastoar sûnder euvelmoed fertelt dat se ateïste is. Dizze opmerklike koarte film út it katolike Ierlân wie de earste Gaelic produksje dy’t filmfestival Tribeca yn New York helle. In oanrieder! Fierder litte EBLT en Slieker ek de Frysktalige koarte film Ut ‘e grûn fan filmkollektyf Melkbaard sjen. Dizze film waard ferline jier yn twa dagen tiid makke yn it ramt fan it 48 hoursproject fan it Noordelijk Filmfestival en krige de earste filmpriis fan it Fryske bûsboekje.
Continue reading “EBLT en Slieker presintearje Grienlânske dokumintêre ‘The sound of a revolution’ op Ynternasjonale Memmetaaldei”