EBLT en Slieker presintearje Grienlânske dokumintêre ‘The sound of a revolution’ op Ynternasjonale Memmetaaldei

SUME_Poster_70x100_UK_t011Op tiisdei 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film tegearre de priiswinnende Grienlânske dokumintêre Sumé – the sound of a revolution. Dizze dokumintêre, dy’t yn it Grienlânsk Sumé – Mumisitsinerup Nipaa hjit, fertelt it bysûndere ferhaal fan de alderearste Grienlânske rockband Sumé. Dy band makke tusken 1973 en 1976 trije platen mei tige krityske teksten yn it Grienlânsk en levere sa in ûnmisbere bydrage oan de striid fan Grienlân foar selsbewustwêzen en selsbestjoer. De film is yn it Grienlânsk en Deensk.

Mei help fan unike argyf-opnames út it Grienlân fan de jierren ’70 wurdt in bysûnder ferhaal ferteld, dat neffens EBLT en Slieker Film hiel goed past by Ynternasjonale Memmetaaldei. Njonken de Grienlânske dokumintêre presintearje EBLT en Slieker Film ek noch twa koarte films. De koarte Ierske film Rúbaí fertelt it ferhaal fan in 7-jierrich famke dy’t de pastoar sûnder euvelmoed fertelt dat se ateïste is. Dizze opmerklike koarte film út it katolike Ierlân wie de earste Gaelic produksje dy’t filmfestival Tribeca yn New York helle. In oanrieder! Fierder litte EBLT en Slieker ek de Frysktalige koarte film Ut ‘e grûn fan filmkollektyf Melkbaard sjen. Dizze film waard ferline jier yn twa dagen tiid makke yn it ramt fan it 48 hoursproject fan it Noordelijk Filmfestival en krige de earste filmpriis fan it Fryske bûsboekje.

Rubai_affisjeDe Grienlânske revolúsje is yn Fryslân net al te bekend. It wie dan ek in geweldleaze revolúsje dy’t begûn mei……rockmuzyk. Mar mei dy muzyk slagge it in ploegje jonge Grienlanners om yn in pear jier tiid fanút Denemarken de befolking fan dat ûnbidich grutte lân yn it Noardpoolgebiet bewust te meitsjen. Sumé betocht Grienlânske wurden foar ‘ûnderdrukking’ en ‘revolúsje’ en ynspirearre de Grienlânske politisy om de bannen mei Denemarken los te meitsjen. De dokumintêre ‘Sumé – the sound of a revolution’ fertelt it ferhaal fan Sumé en de ynfloed fan in rockband op de Deenske koloanje Grienlân yn de jierren ’70. It gefjocht fan de Inuit fan Grienlân foar de eigen stim en identiteit komt ta libben troch ynterviews mei de haadrolspilers en fansels ek de ‘revolúsjonêre’ muzyk fan Sumé. It ferhaal is boppedat yn 2017 wer aktueel, want Grienlân ûndersiket op dit stuit oft se ek folslein ûnôfhinklik wurde kinne.

Regisseur Inuk Silis Hoegh groeide op mei de ferskes fan Sumé en hearde fan syn âlden dat sy harsels ynienen as Grienlanners begûnen te sjen. “Yn de film besykje ik de striid fan de generaasje fan myn âlders te begripen en de tiid dy’t sa wichtich wie foar de skiednis fan Grienlân.” Yn Grienlân sels is de dokumintêre al troch sa’n 20 % fan de befolking sjoen. De dokumintêre docht it ek tige goed op festivals oer de hiele wrâld. ‘Sumé, the sound of a revolution’ wûn ferline jier op festival Suns yn Italië de priis foar de bêste film yn in minderheidstaal. Yn de wike foar de fertoaning yn Ljouwert draait de dokumintêre op it filmfestival fan Berlyn.

It is al wer de fjirde kear dat EBLT en Slieker Film tegearre in bysûndere filmfoarstelling organisearje op ynternasjonale memmetaaldei. EBLT en Slieker Film dogge dat yn oparbeidzjen mei Mercator, it kennissintrum foar meartaligens en taallearen fan de Fryske Akademy. De ôfrûne jierren waarden de folgjende produksjes nei Ljouwert helle: Son Bojos, aquests Catalans (Kataloanië, 2014), Syrcas (Wales, 2015) en Amama (Baskelân, 2016). De films út Kataloanië en Baskelân waarden fertoand mei ûndertitels yn it Frysk, Y Syrcas mei Ingelske ûndertitels. ‘Sumé – the sound of a revolution’ wurdt fertoand mei ûndertitels yn it Ingelsk. In kaartsje foar ‘Sumé – the sound of a revolution’ kostet 5 euro. De film is allinnich te sjen op ynternasjonale memmetaaldei: Op tiisdei 21 febrewaris om 20.00
oere, ynrin en kaartferkeap fanôf 19.30 oere.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *