Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint

Yntergroup_2016It Bilts, Frysk en it Nedersaksysk stiene op 10 maart 2016 op de wurklist fan de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. EBLT-foarsitter en ‘native speaker’ Froukje de Jong hie de eare om foar de alderearste kear it ferhaal fan it Bilts te fertellen oan in ynteressearre groep fan mear as tritich Europarlemintariërs, fraksjemeiwurkers en lobbyïsten. De Ingelsktalige presintaasje fan De Jong waard simultaan oerset yn it Spaansk, Poals en Hongaarsk. It Bilts is foar de Intergroup nijsgjirrich, omdat de gemeente It Bildt yn febrewaris by it Ryk it fersyk yntsjinne om it Bilts op te nimmen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen. Ut namme fan de Intergroup wie Europarlemintariër Nils Torvalds, in Sweedsktalige Fin, dêrby oanwêzich.

It Bilts waard presintearre as ‘in minderheid yn in minderheid’, mar dêrby ek de aktuele oanlieding: Troch de gemeentlike weryndieling wurdt it Bilts yn 2018 in minderheidstaal yn eigen gemeente. Foar in lykwichtich taalbelied yn de nije trijetalige gemeente Waadhoeke is it fan belang dat ek it Bilts erkend wurdt, sa lei Froukje de Jong út. Yn it publyk sieten ek in pear Friezen: Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea komplimintearre de Fryske delegaasje mei harren presintaasje. Ek FUEN-lobbyïst Frank de Boer wie by de gearkomste oanwêzich.
Continue reading “Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint”

Jan Huitema yn nije yntergroep oer minderheidstalen yn Europeesk Parlemint

By in gearkomste yn it Europeesk Parlemint yn Straatsboarch hat de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) út Makkingea syn stipe útsprutsen foar de nije saneamde ‘Intergroup’ oer minderheidstalen yn Europa. Intergroepen binne ‘frije kommisjes’ yn it Europeesk parlemint oer tema’s dy’t Europarlemintariërs sels wichtich fine. De ôfrûne hjerst wiene der foarstellen foar mar leafst 70 Intergroepen. Fan dy 70 foarstellen binne der lang om let 28 ta it Europeesk parlemint talitten.

Huitema en syn fraksje hawwe harren ynset foar it ta stân kommen fan de Intergroep minderheidstalen mei de folgjende argumintaasje: “Der binne yn Europa 50 miljoen minsken dy ’t in minderheidstaal lykas it Frysk yn it deistich libben brûke. Dit komt del op tsien persint fan de befolking yn de hiele Europeeske Uny.” De Intergroep is in inisjatyf fan Europarlemintariërs út ûnder oare Hongarije, Finlân en Kataloanië. Mei Jan Huitema fine sy en 65 oare Europarlemintariërs út 21 ûnderskate lidsteaten dat de Europeeske Uny mear omtinken hawwe moat foar dizze talen.
Continue reading “Jan Huitema yn nije yntergroep oer minderheidstalen yn Europeesk Parlemint”

Huitema yn EU-lânboukommisje

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is tiisdei ynstallearre yn de wichtige lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint. De ôfrûne fiif jier siet der net ien Nederlanner yn dy kommisje. Huitema – en ek lânbou-organisaasje LTO – fûn dat in minne saak, omdat lânbou wichtich is foar Fryslân en Europa drok oan de gong is mei nije regels foar de lânbousektor.

Huitema stie by syn partij, de VVD, op in ûnferkiesber sechde plak, mar krige nei in persoanlike kampanje op de trekker mear as 26.000 foarkarstimmen. Continue reading “Huitema yn EU-lânboukommisje”