Sympoasium Richthofenkolleksje 100 jier yn Fryslân

It is dit jier 100 jier lyn dat de Richthofenkolleksje yn besit kaam fan Provinsje Fryslân en ûnderbrocht waard by Tresoar. Op freedtemiddei 16 desimber fiere we de mylpeal fan dizze bysûndere kolleksje by Tresoar, dy’t op 1 novimber ek it predikaat UNESCO Memory of the World krigen hat.

Wat is eins de Richthofenkolleksje? En wêrom is dy kolleksje sa belangryk foar Fryslân? Mei lêzingen fan û.o. Vincent Robijn (direkteur Collectie Overijssel), prof. dr. Andreas Deutsch (direkteur Deutsches Rechtswörterbuch) en de ûndersyksgroep Pastei, wurdt it in nijsgjirrige middei. Fansels helje we foar dizze spesjale gelegenheid de Richthofenkolleksje út it depot, sadatst it mei eigen eagen besjen kinst! 

Programma

13:30Ynrin mei kofje en tee
14:00Wolkom en ynlieding – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar
Untdekkingen – Herre de Vries en Riemer Janssen, ûndersyksgroep Pastei
 ‘No Richthofen, No Fryslân’ – Bert Looper, Tresoar
 ‘Richthofenkolleksje en de talen van Nederland’ – Vincent Robijn, direkteur Collectie Overijssel
 ‘Die internationale Bedeutung der Friesischen Rechtsquellen’ – Andreas Deutsch, direkteur Deutsches Rechtswörterbuch
skoft
 ‘Crowdfunding yn 1922 om de Richthofenkolleksje nei Fryslân te krijen’ – Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân
 ‘Unesco Memory of the World’ – Nederlandse Unesco Commissie
 Tankwurd – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar
16:30Ofsluting mei in borrel

Oer de Richthofenkolleksje

De Richthofenkolleksje bestiet út tsien midsiuwske rjochtshânskriften en jildt as in topkolleksje.  De hânskriften binne sammele troch de Prusyske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811-1888), dy’t him spesjalisearre yn midsiuwsk Frysk rjocht. Op 1 novimber 2022 is de Richthofenkolleksje ynskreaun yn it Unesco Memory of the World Register. 

​It belang fan de Richthofenkolleksje sit him benammen yn it feit dat seis fan de tsien hânskriften yn de Aldfryske taal skreaun binne; dêrmei befettet de kolleksje in grut part fan wat der oan Aldfrysk oerlevere is. Want yn totaal binne der mar sechtsjin Aldfryske hânskriften bekend, neist it earste yn it Frysk drukte boek. Fan dat boek – it ‘Freeska Landriucht’ (1484-86) – hat Tresoar ek trije eksimplaren in de kolleksje.

Foto: Tresoar

Yn 2020 gie in ûndersyksgroep fan Pastei fan start mei in ûndersyk nei de Richthofenkolleksje. Mear ynformaasje oer de Richthofenkolleksje: Richthofen.nl

Oanmelde

Komst ek nei it sympoasium op freedtemiddei  16 desimber? Meld dy hjir oan

Tresoar organisearret de ynternasjonale wittenskiplike konferinsje ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC)

Fan moandei 16 maaie o/m freed 20 maaie organisearret Tresoar ‘The 24th Board Game Studies Colloquium’ (BGSC): in ynternasjonale konferinsje foar wittenskippers en praktykminsken út tal fan fakgebieten en dissiplines dy’t elk jier yn in oar lân hâlden wurdt. By de BGSC wurde spulstúdzjes út meardere perspektiven wei besjoen en ek wurdt sjoen nei tinksporten fan eartiids en no. It tema fan de konferinsje dit jier is Ludus in Academia (it spul yn akademyske setting).

It doel is om de grutte tinksportkolleksje dy’t Tresoar beheart nasjonaal en ynternasjonaal ûnder de oandacht te bringen en it brûken derfan te befoarderjen foar maatskiplike en wittenskiplike doelen. Ek wol Tresoar de gearwurking fergrutsje mei organisaasjes dy’t belangrike tinksportkolleksjes beheare.

BGSC-programma
Yn ferskillende online en live lêzingen wurde tinksporten út ferskillende perspektiven (wiskundich, psychologysk, sosjaal, archeologysk) wei beljochte. De BGSC-dielnimmers gean op ekskurzje nei de akademystêd Frjentsjer dêr’t se in besite bringe oan Museum Martena, it Planetarium en de Martinitsjerke. Ek meitsje se in akademyske stedskuier. Boppedat wurde de dielnimmers offisjeel ûntfongen op it Provinsjehûs troch Sietske Poepjes, deputearre fan Fryslân.

Publykslêzingen op 17 maaie
Tresoar hat de ambysje om yn de takomst foar it bredere publyk dat ynteressearre is yn tinksporten en selskipsspullen aktiviteiten te organisearjen ûnder de namme ‘Denksportdagen Tresoar’. Foarútsjend dêrop wurde op tiisdeitejûn 17 maaie yn Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân yn Ljouwert in twatal publykslêzingen organisearre oer tinksporten. De sprekkers binne Arjen Dijkstra (direkteur fan it Universiteitsmuseum Groningen) en Hans van der Heijde (Nederlânsk politikolooch, auteur en bridgesjoernalist). Studinten en tinksportleafhawwers binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer dizze lêzingen dy’t yn it Ingelsk hâlden wurde en de opjefte (foar 13 maaie) is te finen op de webside fan Tresoar.


Denksportcollectiecentrum Tresoar
Yn Nederlân en ek yn Fryslân is fan âlds in soad omtinken foar it beoefenjen fan tinksporten en foar kolleksjes op dat mêd. Tresoar is yn 2018 fan start gien mei it ynrjochtsjen fan in nij kennissintrum: it Denksportcollectiecentrum Tresoar. De fjouwer tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder ek Frysk damje) stean dêryn sintraal. De biblioteekkolleksjes fan it Denksportcollectiecentrum en de argiven binne ûnderbrocht yn de ‘Denksportcollectie Nederland, Tresoar’.

Tresoar hat de skaakkolleksje fan Haije Kramer yn hûs, krekt as de damkolleksje fan Geert Bosma. Binnen it lanlike netwurk fan Openbare Bibliotheken mei wittenskiplike stipefunksje, de Plusbibliotheken, fertsjinwurdiget Tresoar al in pear jier it swiertepunt Denksporten. Yn dat ramt is de skaakkolleksje fan de Atheneum-bibliotheek Deventer nei Ljouwert ferhuze.

Yn 2017 is de Bridgekolleksje fan de UB Amsterdam oan Tresoar oerdroegen. Troch de akwisysje fan de kolleksje, by elkoar brocht troch bridgesamlers Jac Fuchs en Bob van de Velde, beskikt Tresoar oer de op ien nei grutste iepenbiere bridgekolleksje op de wrâld (nei de Victoria State Library yn Melbourne, Australië).

Neist boeken en tydskriften beheart Tresoar ek argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten. In tal eardere KB-kolleksjes, nammentlik de skaakargiven fan Niemeijer en Palamedes, it damargyf De Jong en ek it FIDE argyf (1949-1998), binne yn Tresoar ûnderbrocht (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Yn 2020 binne argyf en biblioteek fan de Nederlandse Go Bond en fan de European Go Federation fan it eardere European Go Cultural Centre (EGCC) yn Amsterdam nei Tresoar ferhuze (dit materiaal is noch net te rieplachtsjen).

Mei tank oan de Ryksuniversiteit Grins en Provinsje Fryslân