kristlik-Fryske beweging

Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Foto: Fryske Akademy, Hindrik Sijens

De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, benammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke. Yn De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu giet de skriuwer, Jan Popkema, de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe’t de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Lês mear…

 Scroll to top