leafdesbrief

“Leafdesbrief” fan soldaat fan Napoleon makket Tresoar winner!

Tresoar hat de lanlike ferkiezing fan it “Archiefstuk van het jaar” wûn mei in leafdesbrief fan in Fryske soldaat fan Napoleon út 1811. Dit jier dienen hast fyftich argyfynstellings mei om de titel “Stuk van het jaar” te beheljen. In lanlike publyksaktiviteit dy’t as doel hat om sjen te litten hokker nijsgjirrige, frjemde, moaie, spannende en bysûndere argyfstikken der yn de Nederlânske argiven lizze.

De priis, in wikselbeker en in foto fan it winnende stik, waard yn it Stadsarchief Rotterdam útrikt troch Suzanna Jansen, skriuwer fan it boek Het Pauperparadijs en sels in entûsjast argyfbesykster. Gemeentearchief Kampen einige op it twadde plak mei in gravuere oer de oerstreaming fan novimber 1975. Schiedam waard tredde mei de tsjûgenis fan de fanwegen homoseksuele hannelingen yn 1803 ta de dea feroardiele Jillis Bruggeman. Lês mear…

 Scroll to top