“Leafdesbrief” fan soldaat fan Napoleon makket Tresoar winner!

Tresoar hat de lanlike ferkiezing fan it “Archiefstuk van het jaar” wûn mei in leafdesbrief fan in Fryske soldaat fan Napoleon út 1811. Dit jier dienen hast fyftich argyfynstellings mei om de titel “Stuk van het jaar” te beheljen. In lanlike publyksaktiviteit dy’t as doel hat om sjen te litten hokker nijsgjirrige, frjemde, moaie, spannende en bysûndere argyfstikken der yn de Nederlânske argiven lizze.

De priis, in wikselbeker en in foto fan it winnende stik, waard yn it Stadsarchief Rotterdam útrikt troch Suzanna Jansen, skriuwer fan it boek Het Pauperparadijs en sels in entûsjast argyfbesykster. Gemeentearchief Kampen einige op it twadde plak mei in gravuere oer de oerstreaming fan novimber 1975. Schiedam waard tredde mei de tsjûgenis fan de fanwegen homoseksuele hannelingen yn 1803 ta de dea feroardiele Jillis Bruggeman.

Augustus 1811. Fanút it Frânske legerkamp by Boulogne stjoert de tsjinstplichtige Fryske militêr Romke Eelkes Zandstra, in brief nei syn leafste Sjoukje Hendriks yn Eastrum. De omstannigheden yn it legerplak binne erbarmlik, mar Romke besiket Sjoukje gerêst te stellen: “Mijn geliefde en teer beminde minnnaresse ik laat u weten dat ik nog redelijk in orde ben en hope de wense van U hetzelfde. Zoo het anders was zou mijn harten van leed zijn”. Romke hat syn oansteande nea werom sjoen; hy ferstoar oan it front yn Poalen. Mei dizze leafdesbrief fan in troch ûnwennigens kwelde Fryske militêr dy’t syn leafste net ûngerêst meitsje woe, wûn Tresoar de ferkiezing “Stuk van het jaar” fan de Nederlânske argiven. It winnende stik is fan tongersdei ôf te besjen op de stúdzjeseal fan Tresoar.

Foar mear eftergrûnynformaasje oer it Tresoarstik klik hjir.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.