Lysbeth Jongbloed

‘Provinsje moat skriuwfeardigens yn memmetaal fuortsterkje’

Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes

Lysbeth oerhandige har rapport oan Deputearre Poepjes

De beheinde skriuwfeardigens yn de eigen taal is foar Friezen de grutste drompel om it Frysk net, of minder faak, te brûken op sosjale media. Dat konkludearret Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy yn har ûndersyk nei de taalkar fan Friezen op sosjale media. Jongbloed presintearre har ûndersyk op tongersdei 3 desimber oan deputearre Sietske Poepjes.

Earder hat Jongbloed ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media. Foar it ferfolchûndersyk hat se no, mei stipe fan de Provinsje Fryslân, in grutte enkête holden en ferskate djipteynterviews dien ûnder Friezen fan alle leeftiden. Har rapportaazje Friezen op sosjale media jout in byld fan hoe’t Frysktaligen, jong en âld, omgean mei harren memmetaal op sosjale media. Sa wurdt it Frysk hjir neffens Jongbloed krekt wat makliker brûkt troch jongeren as troch âlderen; it Frysk fan jongeren is faker fonetysker as dat fan âlderen. Lês mear…

Warnsbetinking 2014: “Nije generaasjes kinne in omkear bringe foar it Frysk”

Foto: Stifting Slach by Warns 1345

Skoallen yn Fryslân hawwe in wichtige rol foar de takomst fan it Frysk, sawol oangeande de hâlding foar it Frysk oer as wat de skriuwfeardigens oanbelanget. Dat sei Lysbeth Jongbloed op de jierlikse betinking fan ’e Slach by Warns (1345) op it Reaklif.

Jongbloed, dy’t ferbûn is oan it kennissintrum foar meartaligens Mercator fan ’e Fryske Akademy, docht ûndersyk nei it online brûken fan ’e Fryske taal. Op ’e Warnsbetinking sprekt sy oer hoe’t it Frysk minsken mei elkoar ferbynt op sosjale media. “Jongeren dy’t meartalich fuortset ûnderwiis folgje, brûke mear Frysk op sosjale media, binne positiver oer it Frysk en harren kompetinsjes op it mêd fan Frysk skriuwen lizze ek heger”, seit Jongbloed. “It binne krekt dy faktoaren, dy’t fan grut belang binne foar in taal om ’e 21ste ieu te oerlibjen. It útwreidzjen fan it tal meartalige skoallen yn Fryslân liket dêrom in hiel ferantwurde doel om op yn te setten foar de kommende jierren.” Lês mear…

Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media

Frysk wurdt troch jongerein yn ‘e Fryske Wâlden mear brûkt op sosjale media as troch jongerein yn oare parten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat ûndersiker Lysbeth Jongbloed-Faber fan Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert de ôfrûne moannen útfierde.

Kommunikaasjewittenskipper Jongbloed hat op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan jongerein tusken de 14 en 18 jier op sosjale media. Yn totaal hawwe mear as 2000 jongeren in fragelist ynfolle.

Hast alle Fryske jongeren brûke sosjale media: 98% is hjir aktyf op. WhatsApp wurdt troch 95% fan dy jongeren brûkt, 86% sit op Facebook en 76% op Twitter. WhatsApp wurdt fan dy trije it measte brûkt: 47% hat keazen foar it antwurd “allinnich as ik sliep, sjoch ik net op WhatsApp”.

Folgje de oanbieding fan it rapport oan Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma op 16 april fan 10.00 oere ôf op Twitter fia de hekstek #Frysk. Lês mear…

 Scroll to top