Tomke jierdeisfeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei yn trije tiidfakken fierd. Jûns wie der foar de ‘grutte minsken’ noch in ‘grutte-minskefeestje’ dêr’t ek de nije Tomke-skriuwers bekend makke waarden. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma binne oan it skriuwersteam tafoege.

‘Wy sjogge werom op in bysûnder slagge dei en in moai feest’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk/Tomke fan de Afûk, tefreden. Troch koroana kaam de hiele planning fan it Tomke-jubileumjier op ’e kop te stean. It oarspronklike idee wie dat de moanne juny Tomke-feestmoanne wêze soe mei in Tomke-tour, allerhanne aktiviteiten én in grut feest. ‘Wy hawwe ien en oar no mear oer it jier ferspraat. Sa hawwe we fan Tomke’s jierdeifeestje net ien grut feest makke mar trije lytsere feestjes. It feest wie der absolút net minder om!’

Foto: Hippe Kiek Fotografie – Sjoeke

Jierdeisfeestje foar de lytskes

Mei it fleurige Tomke-draaioargel by it ynrinnen siet de stimming der fuortendaliks yn. Fierder wiene der koarte foarstellingen mei muzyk en Tomke-ferhalen fan Janneke Brakels en Willy van Assen, Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Hinke Schwering fan Het Muziekbeestje. Trochrinnend wie der in speurtocht en in hiel soad romte om lekker te boartsjen. It moaie waar makke it feest kompleet.

It ‘grutte-minskefeestje’

Jûns fierde Tomke syn jierdei mei de ‘grutte minsken’, in gesellige jûn mei (âld)meiwurkers en belutsenen fan en by it Tomke-projekt. Der wie in tal sprekkers en ek de nije Tomke-skriuwers waarden bekend makke. Om it skriuwersteam te fersterkjen wie earder dit jier in Tomke-skriuwwedstriid organisearre. Goed 60 moaie ferhalen waarden ynstjoerd. Berber Spliethoff en Reina Smeink Kroodsma wiene de úteinlike winners. Hieke Rienstra: ‘Tomke bestiet 25 jier mar mei hieltyd wer nije minsken en nije ideeën, kin it mantsje sa maklik noch 25 jier fierder.’

Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert

fan: EUNIC

Yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen op woansdei 26 septimber 2018 binne jo fan herte wolkom yn it Lân fan Taal yn Ljouwert!

EUNIC Nederland organisearret tegearre mei de Europeeske Kommisje, Lân fan Taal, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Afûk speak-dating, koarte sesjes fan 5 minuten om jo yn ‘e kunde komme te litten mei ferskate talen. Jo kinne gewoan oanskowe by de dosint fan de taal dêr’t jo mear fan witte wolle.

Talen dy’t ûnder oaren oanbean wurde binne: Biltsk, Noard-Frysk, Nenetsk, Papiamentu, Skiermûntseagersk, Gebeartetaal, Welshk, Tsjechysk, Kroätysk, Italiaansk, Poalsk, Spaansk, Eastenryks-Dútsk, Roemeensk, Malteesk, Katalaansk, Hongaarsk, Frânsk, Finsk, Turksk en Retoromaansk.

Wêr: Talepaviljoen MeM en Gysbert Japicxseal Tresoar
Wannear: 26 septimber fan 18.30 – 20.00 oere trochgeand
Tagong: fergees

Dit persbericht is ook beschikbaar in het Nederlands op de website van het Ceske Centrum/Tjechisch cultureel centrum. 

Continue reading “Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert”

Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

Foto fan: Afûk
Foto fan: Afûk

Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Idoia Noble, dy’t wurket foar de organisaasje Donostia Kultura yn de Baskyske stêd San Sebastian. De jûn wurdt opfleure mei live muzyk fan Elmar Kuiper en syn band Tigers fan Greonterp.

Wat: Talksjo en live muzyk
Wannear: Freedtejûn 6 july 2018. Ynrin: 19.30 oere, begjin: 20.00 oere
Wêr: Talepaviljoen MeM, Prinsetún, Ljouwert

Fan 1 o/m 8 july is it Baskyske wike yn Talepaviljoen MeM en de omlizzende Taletún. Der wurde ferskate eveneminten organisearre rûnom de Baskyske taal. Boarne: Afûk

Afûk en Wikitongues bondelje krêften om de taaldiversiteit yn it Talepaviljoen fêst te lizzen

Wikitongues, in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei it sammeljen fan ferhalen op fideo út talen  út de hiele wrâld (de fideo’s binne te sjen op harren YouTube-kanaal), wurket gear mei de Afûk mei as doel om lytse talen te dokumintearjen ta gelegenheid fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

As ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa koördinearret de Afûk de aktiviteiten yn it Talepaviljoen MeM. Fan 30 maart oant en mei 28 oktober steane taalmienskippen út de hiele wrâld dêr in wike lang sintraal om harren taal en kultuer te dielen. Muzyk, poëzy, ferhalen en in soad oare uteringen binne dan te finen yn MeM, dêr’t jo ek genietsje kinne fan in hapke en in drankje. Continue reading “Afûk en Wikitongues bondelje krêften om de taaldiversiteit yn it Talepaviljoen fêst te lizzen”