NHL Hogeschool

Earste trijetalige ûnderwizers studearje ôf

Foar it earst binne yn Ljouwert studinten ôfstudearre oan de trijetalige pabo. Se binne spesjaal oplaat foar it wurkjen op trijetalige basisskoallen. Dat binne skoallen dêr’t Frysk, Ingelsk en Nederlânsk alle trije brûkt wurde as fiertaal yn de klas by fakken lykas wrâldoriïntaasje en rekkenjen. Der binne fyftich fan sokke basisskoallen yn Fryslân.

Omdat der hege easken steld wurde oan de taalfeardichheid fan ûnderwizers op trijetalige skoallen, binne Stenden Hogeschool en NHL Hogeschool yn 2011 begûn mei in spesjale trijetalige pabû-stream, dy’t studinten neist har reguliere pabû-oplieding folgje kinne. Lês mear…

 Scroll to top