Paul Bilbao

Basken komme nei Fryslân foar ‘Protocol to ensure language rights’

Groepsfoto fan de harksit fan de Kontseilua yn Ierlân; Bilbao stiet foaroan twadde fan rjochts

Groepsfoto fan de harksit fan de Kontseilua yn Ierlân; Bilbao stiet foaroan fjirde fan rjochts

Op freed 1 april komt de Baskyske taalaktivist Paul Bilbao nei Fryslân om mei fertsjintwurdigers fan Fryske organisaasjes te praten oer it ‘Protokol om taalrjochten te garandearjen’. Bilbao is foarsitter fan de Kontseilua, in soarte fan Baskysk EBLT dêr’t tsientallen Baskyske organisaasjes by oansletten binne. Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián 2016 is de Kontseilua dwaande om mei it ûntwikkeljen fan it neamde Protokol. De efterlizzende fraach hjirby is: Wat is der nedich oan praktyske maatregels om de saneamde minderheidstalen gelikense rjochten en mooglikheden te jaan as grutte steatstalen as it Spaansk en it Nederlânsk. De Kontseilua praat dizze maaitiid rûnom yn Europa – fan Sápmi/Laplân oant Ierlân – mei organisaasjes dy’t opkomme foar minderheidstalen om dy út te nûgjen om ideeën en foarstellen foar it neamde protokol yn te leverjen. Ljouwert is yn dit ramt ekstra nijsgjirrich foar de Basken omdat de stêd yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa is en sadwaande de mooglikheid hat om fierder te gean mei guon fan de taalprojekten dy’t dit jier útfierd wurde yn Donostia-San Sebastián.

Yn oparbeidzjen mei it EBLT organisearret Kontseilua meikoarten twa harksittings yn Ljouwert: Op freedtemiddei 1 april om 17.00 oere yn hegeskoalle Stenden yn Ljouwert en op sneontemoarn 2 april om 10.00 oere by Tresoar. Wa’t it nijsgjirrich fynt om hjir by te wêzen of oars yn kontakt te kommen mei de Basken fan Kontseilua kin him of har oer de mail opjaan by it EBLT: eblt@fryske-akademy.nl.

As tarieding op de harksittings yn Ljouwert is de Baskyske yntroduksjetekst oer it Protocol to ensure language rights al oerset yn it Frysk en it Stellingwarfs.
Lês mear…

 Scroll to top