Reizgje mei it FYK nei Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden

Fan 31 maart oant 6/7 april kinsto mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!

Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferieining foar Burgenlandkroaten yn Eastenryk.

Aktiviteiten

De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroaten, de Hongaarske minderheid en de Roma mienskip. Sadwaande hat it wol 4 nammen: Oberwart, Borta, Felsőőr en Erba. Op ekskurzje silst mear leare oer de Burgenlandkroaten.

Yn de wike bist foaral dwaande wêze mei de workshop, dêr’tst diskusjearje silst oer tradysjes en wat it betsjut om part te fielen fan in taalminderheidsmienskip.

Op 6 april hat de algemiene ledegearkomste (general assembly) plak fan it YEN. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, reizgje op 6 april nei hûs.

Kosten & opjefte

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkommodaasje, programma en iten) is €100,-

Lês alle ynformaasje yn de call. Opjefte kin fia it FYK oant 11 maart.

FYK & YEN

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.

Fragen? Stel dy oan foarsitter @ fyk.frl 

Reizgje mei nei Noard-Masedoanië foar evenemint mei Europeeske taalminderheden (16-30 jier)

Fan 13 oant en mei 19 febrewaris kinsto mei it FYK nei Kruševo, Noard-Masedoanië reizgje foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!  

Dan is it YEN Kick-Off evenemint, organisearre troch de Vlach minderheid yn Noard-Masedoanië. Oerdeis silst yn de workshop diskusearje oer tradysjes en wat y betsjutte foar in minderheid, hoe’t dy hjoed-de-dei in plak hawwe of (oard) ynfold wurde kinne. Ek is der in ekskurzje om mear te learen oer de Vlach. Fansels is der ek de Cultural Exchange Market om noch mear te learen oer alle oare minderheden dy’t oansletten binne by de YEN. 

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkomodaasje, programma en iten) is €100,-.  Lês alle ynformaasje hjir: Opjefte kin fia it FYK oant 21 jannewaris. 

Frysk Ynternasjonaal Kontakt

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden. Fragen? Stjoer dan in mailtsje.