Tomke bestiet 25 jier

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is juster op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en materialen út it kofferke kinne de liedsters mei de bern in feestje fiere én oan de slach mei it tema ‘tiid’.


Wa yn Fryslân ken Tomke net? It fleurige jonkje belibbet mei syn hûntsje Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de kangeroe prachtige aventoeren dêr’t alle pjutten gek op binne. Underwilens binne der al heiten en memmen dy’t eartiids sels de Tomke-ferhaaltsjes foarlêzen krigen en no de boekjes oan harren eigen bern foarlêze. It bekende giele boekje dêr’t it 25 jier lyn allegear mei begûn, wurdt noch alle jierren makke en tradisjoneel útdield yn de jierlikse Fryske Foarlêswike oan sa’n 12.500 Fryske pjutten.


Yn de rin fan de jierren is it Tomke-projekt hieltyd fierder útwreide. ‘Dat giet fan rigeboekjes en filmkes op telefyzje oant hânpoppen en fan metoades foar it foarskoalsk ûnderwiis oant bôletrompkes en apps’, laket Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk fan de Afûk: ‘Tomke is hiel divers en leechdrompelich en biedt in breed en oantreklik oanbod foar sawol heiten en memmen en pakes en beppes as foar profesjonele opfieders om mei pjutten talich dwaande te wêzen.’

Tomke-feestkofferke op pjutteplak it Healtsje. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf


Feestlike aktiviteiten en produkten
Om it 25-jierrich jubileum fan Tomke hinne binne foar dit jier ferskillende nije materialen en aktiviteiten ûntwikkele: it Jubileumboekje ‘Tomke syn jierdei’, it Tomke-feestkofferke foar pjutteboartersplakken en berne-opfang, in feestlike Tomke-toer, nije Tomke-ferskes, Tomke yn de biblioteek, de Tomke-skriuwwedstriid, Tomke op telefyzje: nije ferhaaltsjes én ‘út de âlde doaze’, it jierdeifeestje fan Tomke op 18 septimber yn Bûtenpost en in nij Tomke-temaboekje foar de Fryske Foarlêswike (27 septimber oant en mei 1 oktober). Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke en de jubileumaktiviteiten op www.tomke.frl.


Oer it Tomke-projekt
Tomke is it foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar bern yn de foarskoalske perioade (2 oant 4 jier). It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk. De ferhaaltsjes oer Tomke en syn freontsjes slute oan by de belibbingswrâld fan pjutten en soargje sa dat it Frysk op in boartlike wize stimulearre wurdt.


Sûnt 1996 foarmje in tal Fryske organisaasjes mei-inoar de Tomke-wurkgroep. De algemiene koördinaasje fan it projekt is yn hannen fan de Afûk en FERS (út namme fan de biblioteken yn Fryslân). It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Cedin en Omrop Fryslân soargje foar promoasje en fersterking. Dêrneist organisearret it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse alle jierren de Fryske Foarlêswike. It Tomke-projekt wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de provinsje Fryslân en omtrint alle Fryske gemeenten.

Pjutte-opfang ‘De Veenscheiding’ fan Ychtenbrêge behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang De Veenscheiding fan Ychtenbrûge hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar trije jier ferlinge. De lokaasje fan Doomijn wurket sûnt 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2017 hawwe sy dêr it sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft lokaasjes noch altyd neffens de rjochtlinen wurkje. By De Veenscheiding wie dat yn oarder en it sertifikaat is wer foar trije jier fertsjinne.

By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Veenscheiding begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ yn Hijum sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Foto: SFBO
Op tiisdei 6 oktober 2015 wie it feest op pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ fan Sisa yn Hijum. Riemkje Pitstra hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Antsje Francis oerlange. It boartersplak wurket sûnt july 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en yn dat ramt fiere sy feest. Foar âlden en bern hat Riemkje Pitstra in foarstelling spile. Oan ‘e ein fan it feest wie der foar elk wat lekkers.

Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 185 en is noch altyd groeiende. Continue reading “Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ yn Hijum sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”

Bern prate Nederlânsk werom

Frysktalige âlden kinne de Fryske taal mar dreech op harren bern oerbringe. Hieltyd mear bern prate Nederlânsk werom, ek al prate se sels wol Frysk. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang, it SFB.

De taalswierrichheden binne it grutst yn húshâldings dêr’t Frysk en Hollânsk praat wurdt. Neffens it SFB soe der mear omtinken foar de Fryske taal wêze moatte by ynstânsjes lykas it konsultaasjeburo, de berne-opfang en it pjutteboartersplak.

In oare oplossing is dat de Nederlânsktalige âlder sa no en dan ek wat Frysk praat of foarlêst. Dat soe it gebrûk fan Frysk by bern ferdûbelje. De taalûntwikkeling is by bern tusken de 0 en 4 jier it grutst.

Boarne: Omrop Fryslân