sjong

Jubileumkonsert 25 jaar Kom & Sjong op Folkshegeskoalle ‘Schylgeralân’

Yn de tsjerke fan Hoorn wurd op sneintemiddei 11 oktober in bysûnder jubileum fiere. It is dat wykein de 25ste kear dat op de Folkshegeskoalle Schylgeralân it sjong wykein Kom & Sjong organisearre wurdt. It is dit jier 25 jier lyn, dat Atze Reidinga en Koop Scholten werris mei de ‘âldere generaasje’ fan 40+ ers de lieten út de bondels Jan Pierewiet en De Stem van Allard sjonge woenen. Op de Folkshegeskoalle (FHS) yn Hoarne waard in wykein regele mei as muzikale lieding Hindrik van der Meer.

It wie in grut sukses, dat no noch wurdt mei itselde konsept wurke. Frysk en oare talen komme oan bod, de fiertaal is yn haadsaak Frysk, mar ek net-Frysk praters fiele har yn de wykeinen thús. Koarûnderfining is net nedich, nocht oan sjongen bringt de dielnimmers bijelkoar. Yn de rin fan de jierren hat de muzikale lieding nêst Hindrik van der Meer yn hannen west fan û.o. Willem Zijlstra & Clara Vogt; Jelle Bangma-trio; Nanne Kalma & Ankie van der Meer; Claartje van Dokkum mei efterienfolgens Meindert Bosklopper, Rob Faltin en no mei Jelma Wiegersma. Lês mear…

Nynke Gijsen wint Frysktalige sjongfestival Sjong

Foto: Pieter de Vries

It Frysktalige sjongfestival foar jongerein, SjONG, is wûn troch Nynke Gijsen (13). De sjuery wie te sprekken oer har prachtige stim, goede sjongkwaliteiten en natuerlike poadiumpresintaasje.

Nynke song har eigen Fryske oersetting fan ‘You’ve got a friend’ fan Carole King. Se pakte ek de tredde priis by de prizen foar de bêste Fryske songteksten. Nynke komt fan Heech en sit op it Bogerman yn Snits. Se wint de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan Sjong, en in optreden yn Noardewyn Live. It festival yn Sense yn Dokkum luts 250 besikers.

De twadde priis gong nei de band Kings of Diamonds mei Jelmer Braaksma (16), Thijs de Jong (16), Carlo Salakory (17), Mart de Jong (16) en sjongeres Jantine van der West (16). De band fan it Drachtster Lyseum die in cover fan Queen. Der wienen twa tredde prizen, foar it duo Syta & Marije en solist Jente Semplonius.

Winner foar de bêste songtekst wie Ilja Dijk (17) (Liudger Raai Drachten) mei ‘Dizze Wrâld’, in tekst op it nûmer ‘Beautiful’ fan Christina Aguilera. Marije Brouwer (17) gong nei hûs mei de Sjong YouTube-priis. Har klip ‘Fyn dyn eigen wei’ fan Sjong 2013 waard mear as 4.500 kear besjoen op YouTube.

Boarne: Omrop Fryslân

Finalisten SjONG 2015 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net 10, mar 12 acts dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 11 april 2015 yn teater Sense yn Dokkum. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

. Carinda Pander (Bogerman Snits) mei ‘Asto myn leafde wolst’
. Elske Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Meitsje mear lûd’
. Marije Brouwer (ROC Friese Poort Snits) mei ‘Ik fiel it fjoer’
. Marten Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Wûnderbûnte fûgel’
. Nynke Gijsen (Bogerman Snits) mei ‘Foar no en altyd’
. Rixt Rypma (Bogerman Snits) mei ‘Oan de ein fan de tiden’
. Kings of Diamonds (Drachtster Lyseum) mei ‘Ik bin it sêd’
. No Music No Life (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ik fiel my frij’
. Dorien & Eline (ROC Friese Poort Drachten) mei ‘Ik wol net mear’
. Syta & Marije (Liudger Burgum) mei ‘Mei ik dan by dy?’
. Jente Semplonius (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ingel mei blauwe eagen’
. Britta Kwant (Bogerman Snits) mei ‘Yn dyn earms’ Lês mear…

 Scroll to top