Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net 10, mar 12 acts dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 11 april 2015 yn teater Sense yn Dokkum. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:
. Carinda Pander (Bogerman Snits) mei ‘Asto myn leafde wolst’
. Elske Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Meitsje mear lûd’
. Marije Brouwer (ROC Friese Poort Snits) mei ‘Ik fiel it fjoer’
. Marten Algra (Bornego Kolleezje It Hearrenfean) mei ‘Wûnderbûnte fûgel’
. Nynke Gijsen (Bogerman Snits) mei ‘Foar no en altyd’
. Rixt Rypma (Bogerman Snits) mei ‘Oan de ein fan de tiden’
. Kings of Diamonds (Drachtster Lyseum) mei ‘Ik bin it sêd’
. No Music No Life (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ik fiel my frij’
. Dorien & Eline (ROC Friese Poort Drachten) mei ‘Ik wol net mear’
. Syta & Marije (Liudger Burgum) mei ‘Mei ik dan by dy?’
. Jente Semplonius (Marne Kolleezje Boalsert) mei ‘Ingel mei blauwe eagen’
. Britta Kwant (Bogerman Snits) mei ‘Yn dyn earms’
De finalisten krije sa gau mooglik berjocht oer de fierdere gong fan saken. Foar wa’t net troch is: wy hoopje dat de audysje in hiele moaie ûnderfining west hat en hooplik oant SjONG 2017! Jim dogge fansels noch mei foar de tekstpriis en jim hâlde ek in fantastyske fideoklip oer oan jim audysje. Dy komt nije wike op YouTube. Folgje SjONG op Instagram, Twitter of Facebook en jim witte wannear.
Boarne: SJONG