Fryske organisaasjes roppe minister Spies op om wetsfoarstel ‘Gebruik Friese Taal’ troch te stjoeren nei de Twadde Keamer
De 21 Fryske en Nedersaksyske organisaasjes dy’t oansletten binne by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn Ljouwert roppe minister Liesbeth Spies fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes op om it wetsfoarstel fan de ‘Wet gebruik Friese Taal’ sa gau mooglik troch te stjoeren nei de Twadde Keamer.
Earder dizze maaitiid hat de Ried fan Steat reagearre op it wetsfoarstel fan âld-minister Donner en it advys weromstjoerd nei it ministearje. De folgjende stap is it trochstjoeren fan it wetsfoarstel oan de Twadde Keamer foar fierdere behanneling. It foarstel wurdt dêrmei dan ek iepenbier.
It EBLT fynt it fan grut belang dat de minister dit noch foar it kommende simmerreses docht. Mei it advys fan de Ried fan Steate is it wetsfoarstel yn prinsipe klear foar besprek yn de Twadde Keamer en it ûnderwerp is ek net kontroversieel ferklearre troch it parlemint.