Parseberjocht EBLT

Minister Spies fan ynlânske saken yn de Twadde Keamer

Fryske organisaasjes roppe minister Spies op om wetsfoarstel ‘Gebruik Friese Taal’ troch te stjoeren nei de Twadde Keamer

De 21 Fryske en Nedersaksyske organisaasjes dy’t oansletten binne by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn Ljouwert roppe minister Liesbeth Spies fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes op om it wetsfoarstel fan de ‘Wet gebruik Friese Taal’ sa gau mooglik troch te stjoeren nei de Twadde Keamer.

Earder dizze maaitiid hat de Ried fan Steat reagearre op it wetsfoarstel fan âld-minister Donner en it advys weromstjoerd nei it ministearje. De folgjende stap is it trochstjoeren fan it wetsfoarstel oan de Twadde Keamer foar fierdere behanneling. It foarstel wurdt dêrmei dan ek iepenbier.

It EBLT fynt it fan grut belang dat de minister dit noch foar it kommende simmerreses docht. Mei it advys fan de Ried fan Steate is it wetsfoarstel yn prinsipe klear foar besprek yn de Twadde Keamer en it ûnderwerp is ek net kontroversieel ferklearre troch it parlemint.

Taalbelied foar de beskerming fan minderheidstalen komt yn de regel yn Nederlân dreech en traach ta stân. Nederlân is hjir al ferskate kearen foar op de fingers tikke troch de Rie fan Europa. It EBLT beskôget de taalwet as in stap yn de goeie rjochting en sjocht gjin reden foar útstel. Omdat it tiid nimme sil ear’t in nij kabinet hjir wer mei fierder giet fynt it EBLT it fan grut belang dat de minister it wetsfoarstel net langer ûnder har hâldt, mar trochstjoert oan de Twadde keamer.

Twa wike lyn hat it EBLT de minister al frege om dit te dwaan. Oant no ta is der noch gjin antwurd kommen op dat brief. Deselde brief dy’t nei minister Spies stjoerd is, is ek nei de foarsitter fan de Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken, frou Wolbert, stjoerd mei de fraach oan har om de ‘Wet gebruik Friese taal’ op de aginda te setten. Ek as de keamerkommisje gjin foarstel fan de minister krijt, kin de kommisje de minister om opheldering freegje.

It EBLT soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU), de Rie fan Europa en harren ynstellingen. Hjirfoar wurdt wetlike en politike stipe socht op Europeesk, nasjonaal en provinsjaal nivo.

It EBLT is in koepelorganisaasje en bestiet út fertsjintwurdigers fan 21 organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk en it Nedersaksysk. Dit binne twa fan de talen dêr’t Nederlân ferplichtings foar hat tsjinoer de ynternasjonale mienskip, nei it yn wurking kommen (1998) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen (Europeesk Hânfêst) fan de Rie fan Europa.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.