Taalweb yn oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân
Op tiisdei 7 oktober presintearre de Fryske Akademy op it Provinsjehûs yn Ljouwert de demo fan Taalweb Frysk, it nije webportaal ornearre foar elts dy’t Frysk skriuwt. It eigentiidsk skriuwark (de ‘tool’) helpt ek tige by it lesjaan yn it fak Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries: “Hjir wie ferlet fan yn it fjild. In moai, dúdlik helpmiddel, sadat minsken it Frysk makliker brûke en der minder mei wrakselje.”

Taalweb Frysk is in online tapassing. It bestiet út fjouwer ûnderdielen. Yn de Wurdlist Frysk binne de foarkarsfoarmen foar de taal fêstlein, it hat in staveringshifker, in wurdboekportaal en it jout automatyske oersethelp. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Hjoed presintearre men de demo. Mei in bywurke foarmjouwing en de lêste oanpassings is de definitive ferzje letter dit jier beskikber. Continue reading “Taalweb yn oanpaste stavering”