TOSTA

EBLT tekenet Protocol to Ensure Language Rights yn Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián 2016

undertekeners_protokol_op_poadium_dss2016Op it slotwykein fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián yn Baskelân waard it Protocol to ensure linguistic rights presintearre en ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan taalminderheden út hiel Europa wei. It ‘Protokol’ is in ynvintariaasje fan mei-inoar sa’n 185 maatregels dy’t oerheden en sprekkers fan minderheden nimme kinne om in minderheidstaal gelikense kânsen en ûntwikkelingsmooglikheden te jaan as de grutte steatstalen. It protocol is in inisjatyf fan Kontseilua, de Baskyske koepel fan taalorganisaasjes en fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián. Fryslân wie by de ûndertekening fertsjintwurdige troch EBLT-foarsitter Froukje de Jong-Krap en troch Durk Gorter, lid fan de wittenskiplike advysried fan it protokol.

Yn in útferkochte Kursaal yn Donostia/San Sebastián waard it dokumint presintearre oan sa’n 600 belangstellenden út hiel Europa wei. It evenemint waard live útstjoerd op televyzje en ynternet troch de Baskyske omrop Euskal Telebista. Njonken sprekkers en hantekens wie der ek dûns en muzyk fan de ferneamde Baskyske txalaparta-band Oreka Tx. Lês mear…

Admiraliteitsdagen krije in ynternasjonaal tintsje

Foto: Marit Anker

Foto: Marit Anker

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.

Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Der binne ek keunstwurken te bewûnderjen fan 7 keunstners út de ferskillende regio’s dy’t meidien hawwe oan in útwikselingsprojekt fan Tosta. Neist de ynternasjonale komponint is der binnen it Tosta-festival ek folop romte foar eigen aktiviteiten en regionaal talint. “In poadium biede foar regionaal talint stie al in skoft op ús winskelistke”, seit Jan Michiel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen. “No kinne wy dêr mei-inoar in goede ynfolling oan jaan. It mes snijt dus oan twa kanten.” Vellinga heakket dêr oan ta dat it Tosta-festival foar de Afûk ek in moaie opmaat is nei Kulturele Haadstêd 2018 en de plannen dy’t se hawwe foar it grutte evenemint ‘Lân fan Taal’. Vellinga: “Moaier kin hast net!” Lês mear…

Tij, taoide, tide

coop-zuivelfabriekDe Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Oare Wurden/Beste Hitzak (beide projekten fan Donostia-San Sebastián Kulturele Haadstêd 2016) .

In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief en jo kinne yn ‘e kunde komme mei de skriuwers dy’t meidogge oan it Other Words-projekt: Réaltán Ní Leannáin en André Looijenga.

Oan dizze middei dogge mei: Nuala Ní Fhlathúin, Réaltán Ní Leannáin, André Looijenga, Elmar Kuiper, Peter van Lier, Simon Oosting, Sigrid Kingma, Wies Noest, De Tigers fan Greonterp, Kaneli & Smit en Skelectief. Partners: Afûk, Tresoar, DSS2016, LWD2018.

De tagong is fergees!

Tide, taoide, tij
17 april, 14.00 – 16.00 oere
Suvelfabryk Marrum
Hearewei 2A, Marrum

Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt: www.tosta2016.eu. Mear ynformaasje oer Other Words: www.oarewurden.frl.

De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.

De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de perioade maart- april sil de keunstner fiif wiken wurkje oan in performance keunstwurk fanút de âlde suvelfabryk yn Marrum. Hy sil ûnder oaren ûndersyk dwaan nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis op in hiel eigen wize ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst. Dara Mac Aoidh togra le paistí2

Fanút Fryslân sil keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall wurkje. Har plan ‘Grûn’ bestiet út in fideo performance ynstallaasje wêrby’t de sân minderheidstalen dy’t meiinoar oparbeidzje yn it TOSTA-projekt sintraal stean.

De einwurken sille toand wurde op it reizgjend TOSTA-festival dat fan maaie oant en mei septimber by de sân gearwurkjende TOSTA-regio’s delgiet en fan 1-4 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum oandwaan sil. De seis oare regio’s binne: Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân en Cornwall. Lês mear…

 Scroll to top