Noordelijk Film Festival biedt romte oan films yn ‘Memmetaal’ en organisearret panelpetear

Ien fan de nije linen fan it Noordelijk Film Festival, dit jier fan 8 oant en mei 12 novimber yn Ljouwert, is ‘Memmetaal ’. Dit is in programmaline mei films út saneamde lytse taalgebieten.  

It Frysk ferstiet it grutste part fan de besikers fan it Noordelijk Film Festival wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Samysk, Nauvhal, Kannada of Marathi? De memmetaal is in wichtige utering fan in kulturele identiteit. De line past dêrom goed yn it oerkoepeljende tema ‘Thús’, dat keazen is foar de 43e edysje fan it filmfestival.  

Y Sŵn mei ynlieding EBLT

Op freed, 10 novimber, om 19:30 oere presintearret it EBLT yn Slieker Film de filmfoarstelling fan Y Sŵn, mei in ynlieding fan Onno Falkena, riejouwer by it EBLT en sjoernalist. De film is troch it EBLT selektearre foar it Memmetaal-programma.

Oer de film

It is 1979, it Feriene Keninkryk wurdt oanstjoerd troch Margaret Thatcher. Mar net elkenien is like wiis mei har politike besluten – foaral de minsken út Wales net. Har tasizzing om nei de ferkiezingen in Welsk televyzjekanaal op te rjochtsjen, moat nammentlik noch wol neikommen wurde. Wannear ‘t Thatcher dizze belofte nei moannen weromdraait, wurdt der flink protestearre yn Wales. Pplitikus Gwynfor Evans giet dêrby yn hongerstaking oant Thatcher weromkomt op har belofte. Getten yn in frisse en humoristyske foarmjout Y Sŵn in krityske blik wer op dy striid.

trailer fan Y Sŵn

Films yn ’e minderheidstaal

Al hast tsien jier presintearret it EBLT op de Ynternasjonale Memmetaaldei in dokumintêre of film yn/oer in minderheidstaal yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film. Boppedat freget it EBLT oandacht foar de stipe fan produksje fan films yn ’e minderheidstaal, eat dat hieltyd faker op ’e aginda komt yn ’e Noardlike provinsjes. Rûnom yn Europa wurde der hieltyd mear films yn minderheidstalen makke en it nivo wurdt hieltyd better. Benammen Samyske, Baskyske, Welske en Ierske films lûke de oandacht, wat ek in reden wie dat de Iersktalige Oscar-nominaasje ‘An Cailín Ciúin’ (The Quiet Girl)  te sjen wie mei de lêste Ynternasjonale Memmetaaldei.

Paneldiskusje

Njonken ferskate fertoaningen op it wite doek lykasY Sŵn, is der op tongersdeitemoarn yn Neushoorn yn Ljouwert in paneldiskusje mei filmmakkers, beliedsmakkers en oare ynteressearren. Sintrale fraach: wêr bliuwe de Fryske, Grinzer en Drintske films? En op hokker wize kinne dy bydrage oan de ekonomy yn de regio? Ynternasjonale sprekkers út ferskate lytse taalgebieten diele harren ûnderfinings.  

Ek wurde de resultaten dield út it ûndersyksrapport ‘Hollywood aan de Wadden’ dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân útfierd is. Dit ûndersyk lit sjen wat films yn de ‘memmetaal’ opsmite en hoe ’t de Fryske en Noardlike oerheden de regionale film in stimulâns jaan kinne. Deputearre Sijbe knol is oanwêzich om it rapport yn ûntfangst te nimmen.  

Tagong ta it panelpetear is fergees, in kaartsje reservearje is wol needsaaklik. Dat kin fia de webside fan it Noordelijk Film Festival. Op de site stiet ek it folsleine programma, mei dêryn de films yn de line ‘ Memmetaal ’.