De foarstelde staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje.
De Fryske Akademy krige yn 2011 de opdracht fan de Provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in wurdlist dêr’t de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk yn fêstlein binne, in nije staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp. As Provinsjale Steaten (PS) ein 2014 in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin 2015 op it webportaal Taalweb Frysk beskikber komme. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Continue reading “Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld”