Tresoar

Besikersadres:
Bûterhoeke 1
8911 DH Ljouwert
T: 058 789 0 789
E: ynfo@tresoar.nl

W: www.tresoar.nl


By Tresoar dûkst de skiednis fan Fryslân yn. Op digitale wize of troch it ferline letterlik oan te reitsjen. Tresoar is íen grutte skatkeamer fan Fryslân mei skatten om te besjen en te ûndersykjen. Freugde, fertriet of fernuvering – ien ding is wis: it ferline makket emoasjes los. Wy bewarje it Fryske ferline en lizze ferbining mei it no en de takomst. Wêr komme wy wei, hoe binne wy feroare en wêrom? Lykas in beam heech rikke kin omdat hy djippe woartels hat, sa krijt it paad foarút mear fêstigens as wy sjogge nei it paad dat wy al ôflein hawwe.

It Tresoargebou is in leechdrompelich en brûzend plak. It wurdt in soad brûkt as plak om te ûntdekken, te ûndersykjen en te fertellen. Der binne aktiviteiten foar jong en âld, fan konserten oant kolleezjes foar bern, en it is foar wittenskippers en studinten in ideale romte foar ûndersyk.