It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorgaanisaasje dy’t har ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. It EBLT docht dat sûnt de oprjochting yn 1984, yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU), de Rie fan Europa en harren ynstellingen. Hjirfoar wurdt wetlike en politike stipe socht op Europeesk, nasjonaal en provinsjaal nivo.
It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu. It Frysk en it Nedersaksysk binne twa fan de talen dêr’t Nederlân ferplichtings hat tsjinoer de ynternasjonale mienskip, nei it yn wurking kommen (1998) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen (Europees Handvest voor streektalen of talen van minderheden) fan de Rie fan Europa. Dêrnjonken sette wy ús ek yn foar talen dy’t (noch) net erkend binne yn it Europeesk Hânfêst lykas it Biltsk.
It EBLT orgranisearret jierliks eveneminten om lytse talen, meartaligens en taalferskaat te fieren, bygelyks mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris en mei Europeeske Dei fan de Talen op 26 septimber.
Sûnt 2009 binne it EBLT en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Mercator Kennissintrum) fan de Fryske Akademy, in gearwurkingsoerienkomst oan gien. It Mercator Kennissintrum is û.o. ferantwurdlik foar it sikretariaat en it webstee fan it EBLT. Dêrneist wurkje de partners gear by de organisaasje fan ferskate aktiviteiten.
Sûnt 2012 is it EBLT oansletten by it Europeeske netwurk NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) as “associate member”. De provinsje Fryslân is folslein lid fan it NPLD.
Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT)
p.a. Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy
Doelestrjitte 8
Postbus 54
8900 AB Ljouwert/Leeuwarden