De Folks

Webside: www.defolks.nl
Kontakt: info@defolks.nl

De Folks
Badweg Hoorn 11
8896 KC Hoorn Skylge/Terschelling


De Folks (earder: de Folkshegeskoalle Schylgeralân) is in moetingsplak foar jong en âld.
In plak dêr’tst dysels wêze meist, sûnder poespas. Dêr’tst altyd ferrikst fuortgiest. Wêr’tst besinne, moetsje en ûntdekke meist. Solo, mei freonen & famylje, dyn organisaasje, of as dielnimmer fan in kursus of retraite.

Op de Folks kinne minsken op ien of oare wize oan har ûntwikkeling wurkje. In ferbliuws- en foarmingssintrum op in prachtich plak yn de Skylger bosk. We hawwe eigen kursussen, ûntfange famyljes, bedriuwen, skoallen en yndividuele gasten.

De Folks – Folkshegeskoalle sûnt 1948
It plak om te oernachtsjen, moetsjen en te ûntdekken