
W: www.defryskebeweging.frl
W: www.goeie.frl
E: ynfo@defryskebeweging.frl
Postbus 2637
8901 AC Ljouwert
De Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Fryske Beweging is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De stifting hat in advysried wêr’t ferskate Fryske Bewegingsorganisaasjes in sit hawwe. Hokker organisaasjes dat binne stiet op ús webside www.defryskebeweging.frl.
De Fryske Beweging wurket mei in deistich bestjoer en in stikmannich wurkgroepen en frijwillige meiwurkers. Us wichtigste kontaktorgaan is de webside www.goeie.frl. Dêr litte wy de Rykdom fan Fryslân sjen. Foar in part strike de aktiviteiten fan de Fryske Beweging mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.