Yn de mande mei Akademia Papiamentu en it EBLT organisearret SPLIKA in webinar oer de beskerming fan net-territoriale talen ûnder it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen.
De sprekkers binne Andrew Dijkhoff (foarsitter SPLIKA), Bart Wallet, (Histoarikus VU, Hebrieuske en Joadske stúdzjes UvA ) Stefan Oeter (rjochtsgelearde), René de Groot (lid COMEX) en Alexandra van den Elsen (beliedsmeiwurker YSK/BZK). De fiertaal is it Ingelsk.
Sûnt 2009 is SPLIKA dwaande om it Papiamintsk beskerme te krijen. In formeel fersyk s ôfwiisd yn 2014, mar no sil in mooglike erkenning fan de taal ûnder it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen ûndersocht wurde.
Datum: 26 juny 2021 (sneon)
Tiid: 16:00-17:30 (NL) / 10:00-11:30 (ABC-T)
Taal: Ingelsk
Ynskriuwe: bit.ly/webinar-ECRML