Foarstelling De Gjalp op Noordelijk Filmfetsival

De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.

Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.

Jimme binne fan herte wolkom op sneintemiddei 9 novimber op it NoFF yn Ljouwert. Dêr wurdt dizze earste Gjalp presintearre.

optredens/presintaasjes

Tamara Feddema, Remco Kuiper, Myrte Marije Veenbaas, Ruerd Smaling, Marije de Lange, Erik de Boer, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Sina Keuning en Anne Fie Salverda.

mear ynformaasje & opjefte

Tsien winners fan de Gjalp

De tsien winners fan de Gjalp binne tongersdeimiddei 21 augstus yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber.

De Gjalp is in projekt fan Ensafh, de Moanne en RIXT, dat de Fryske literatuer de kommende jierren op ferskate grutte festivals sichtber meitsje wol om sa talint te stimulearjen en in nij publyk mei Fryske skriuwers en dichters yn ‘e kunde komme te litten.

Winners Gjalp 1: Gedichten by filmfragminten út it FFAA

  • Tamara Feddema mei it gedicht ‘Winter’
    by in fragmint út de film ‘Winter yn Fryslân’ (1954-1956) fan Sjoerd Steensma
  • Remco Kuiper mei it gedicht ‘Wite Iensumens’
    by in fragmint út in film fan Piet Wagter oer de Alvestêdetocht fan 1941
  • Myrte Marije Veenbaas mei it gedicht ‘Held op sokken’
    in fragmint út in film fan Hein Faber oer de PC yn Frjentsjer fan 1946
  • Ruerd Smaling mei it gedicht ‘Mem’
    by in fragmint út de doarpsfilm oer Sint Jabik fan Johan Adolfs en Piet Hembrecht út 1952
  • Marije de Lange mei it gedicht ‘Pretty up high!’
    by in fragment út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder

Winners Gjalp 2: Filmideeën foar fierdere ûntwikkeling op nei it Noardlik Film Festival

  • Erik de Boer mei in idee foar in ‘Fryske Ursonate’ nei de dadaïst Kurt Schwitters, mei in pastiche fan Fryske filmbylden’
  • Janneke Brakels en 2-INCH mei in idee foar ‘Wêrom’t de see my ropt’, in koarte young adult-film
  • Hein Jaap Hilarides mei ‘De tradysje fan de Fryske film’, in idee foar in (film)essay oer byld en selsbyld yn de Fryske film
  • Jorrit de Klerk mei in idee foar ‘Harlingen Groate Freet, Klein Hartje’, in film oer Harns en de Harnzers
  • Sina Keuning en Anne Fie Salverda mei ‘Te plak’, in live performance mei visuals en animaasjes

Nijsgjirrich nei it wurk fan de winners?
Hâld it Noardlik Film Festival (5-9 novimber) yn ‘e gaten! Dêr wurde de poëzyfilmkes fertoand en fine optredens plak fan in tal winners fan De Gjalp.

De Gjalp: twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters

Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.

GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk filmmateriaal

Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele.

De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte foarfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500 en de teksten wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne.

Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com

GJALP 2 – Dyn eigen literêre projekt mei film

Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje- eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe.

In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.

Ynstjoere kin oant freed 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com (Meardere ideeën ynstjoere mei!)

De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, Ensafh en dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei it Noardlik Film Festival en it Frysk Film & Audio Argyf.