Winners Fryske essaypriis bekendmakke

Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.

De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.

Nije lessen Skriuwersfakskoalle nei de simmer

Op woansdei 16 septimber begjint it nije stúdzjejier fan de Skriuwersfakskoalle, de oplieding foar wa’t literêre teksten yn it Frysk skriuwe wol. Wa’t kennis meitsje wol mei de skoalle is op woansdeitejûn 2 septimber fan 19.00 oant 21.30 wolkom by in fergeze yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.

De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool, en biedt trajekten foar sawol begjinnende as betûfte skriuwers. De basis is in mearjierrige dieltiidoplieding mei in fêst kurrikulum, mei lesblokken yn Skriuwtechniken en dêrnei yn sjenres as proaza, poëzy, essay en toaniel. Dêrneist binne der losse kursussen dy’t ek tagonklik binne foar belangstellenden bûten de skoalle.

Studinten krije twawykliks les fan skriuwers as Arjan Hut, Albertina Soepboer en Bouke Oldenhof, en wurkje dêrnjonken selsstannich oan opdrachten. Yn de lessen wurdt it wurk mei-inoar besprutsen en leare studinten inoar opbouwende feedback te jaan.

foto fan Jessie Jansen Fotografie

Oanmelde en mear ynformaasje

De fergeze yntroduksjeles is op woansdei 2 septimber by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde kin fia skriuwersfakskoalle@tresoar.nl. Ynskriuwe foar de lessen kin oant en mei 9 septimber. It nije stúdzjejier start op 16 septimber. Mear ynformaasje oer it folsleine lesoanbod, data en lesjild is te finen op www.skriuwersfakskoalle.frl.

Doch mei oan de Essaywedstriid

It Skriuwersbûn hat yn ’e mande mei Tresoar in wedstriid “Skriuw in essay” opsetten, dy’t op 9 jannewaris 2026 úteinset mei in ynformaasjejûn. It tema fan it essay moat wêze: “Ferhalen fertelle”. Hokker fraach hjirby past? Dat is oan de dielnimmers! Foar de winners hawwe wy mei tank oan Tresoar in moaie jildpriis en it doel is om de beste essays ek te publisearjen.

Essay skriuwe dreech? Nee, just net! In essay is in moaie foarm om dyn eigen kijk te jaan op in ûnderwerp – en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr.

In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean. As it mar in lêsber en boeiend betooch fan sa’n 1500 wurden is! Kinst dyn essay ynstjoere oant 2 april 2026. De sjuery bestiet út Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol.

Op freedtejûn 9 jannewaris is der in ynformaasjejûn yn ’e boppeseal fan Proeflokaal Wouters yn Ljouwert. Fan 19.30 oere ôf is elk wolkom. Doeke Sijens sil dan mear fertelle oer it skriuwen fan essays en ek wat tips diele. En fansels is dit in fantastysk momint om te sjen wa’t de konkurrinsje wurdt…

Oer de wedstriid

It essay moat gean oer: Ferhalen fertelle. Hokker fraach hjirby past? Dat is oan jimme!

Foar de winners hawwe wy mei tank oan Tresoar in moaie jildpriis en wy binne fan doel de moaiste essays te publisearjen.

Ynformaasjejûn op 9 jannewaris

Op freedtejûn 9 jannewaris is der in ynformaasjejûn yn ’e boppeseal fan Proeflokaal Wouters yn Ljouwert. Fan 19.30 oere ôf binne jim wolkom.

Doeke Sijens sil dan mear fertelle oer it skriuwen fan essays en ek wat tips diele. En fansels is dit in fantastysk momint om te sjen wa’t de konkurrinsje wurdt… Oanmelde foar de ynformaasjejûn is net ferplichte, kom lekker del, mar it lit ús wol even witte hoefolle stuollen wy delsette moatte.

Nijsjirrich? Kom dan op 9 jannewaris! Der is dan ek alle gelegenheid om fragen te stellen.

Doch mei

Kinst dyn essay ynstjoere nei ynfo@skriuwersbun.frl oant 2 april 2026. De útslach is op in spesjale jûn yn juny. De datum dêrfan meitsje wy noch bekend. De sjuery hoopje wy ek op 9 jannewaris al foarstelle te kinnen.