Freonen Omrop Fryslân: Friezen, wurd wekker, de omrop stiet faai!!!

Nei oanlieding fan oanhâldende soargen oer de takomst fan Omrop Fryslân stjoerde foarsitter Andrys de Blaauw fan de Freonen fan Omrop Fryslân ús it folgjende brânbrief:

* Witte jim, dat steatssekretaris Dekker de selsstannige provinsjale, regionale omroppen de nekke omdraaie wol?
* Witte jim, dat dêrta yn maaie al in plan op tafel lizze moat?
* Witte jim,
dat in groep minsken, ûnder lieding fan Jack de Vries (in Fries, in Lemster nota bene!), dat plan al hast yn kalk en semint hat?
* Witte jim, dat dat betsjut dat alle omroppen yn klusters yndield wurde sille?
* Witte jim,
dat dat foar ús Omrop Fryslân betsjut dat wy yn in noardlik ferbân fierder moatte?
* Witte jim, dat der dan fan in selsstannige Omrop Fryslân gjin sprake mear is?!
* Witte jim,
dat dat betsjut dat dan fan Grins út, dêr’t de haadsetel komt, it belied wer bepaald wurdt? 
* Witte jim (noch),
dat dat eartiids ek sa wie (RONO)?!
* Witte jim, dat der dan ien direkteur boppe dy trije omroppen komt?
* Witte jim (noch), dat we eartiids, nei de snie-winter fan ’79, mei elkoar fûnen dat der in aparte, selsstannige, Frysk-talige stjoerder komme moast, mei in eigen gebou en in eigen direksje?  
* Witte jim,
dat troch dizze nije opset foar ús Omrop in besuniging fan 1,3 miljoen Euro op ‘e planke leit?
* Witte jim,
dat dat ynhâldt dat der sa’n 20 (!) wurkplakken by de Omrop ferdwine moatte?
Continue reading “Freonen Omrop Fryslân: Friezen, wurd wekker, de omrop stiet faai!!!”