School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.
Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.
‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’
De brieven jouwe in oangripend byld fan harren opfiedingsidealen, harren soargen op harren soan Jelle en de maatskiplike ideeën fan har tiid. Se litte sjen hoe’t Nynke har soan mist, mar ek hoe’t se har twivels, sûnens, houlik en idealen mei in soad iepenheid bepraat. De korrespondinsje lit sa net allinnich in kwetsbere mem sjen, mar ek in frou mei sterke oertsjûgingen oer opfieding en minsklikens.
Vreeling foarsjocht de brieven fan taljochting en histoaryske kontekst, en ûndersocht de persoanen, plakken en ideeën dy’t deryn foarkomme. Sa ûntstiet in ynkringend portret fan in húshâlding tusken idealen en werklikheid – én in weardefolle nije blik op twa bekende Friezen.
School zonder tranen ferskynt by Uitgeverij Verloren en is fan 7 novimber ôf te krijen by de boekhannel.
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2026-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.
Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 7 novimber 2025 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.
Mear ynformaasje oer it Fellowship is te finen fia de link ûnder dit berjocht. Ast fragen of opmerkings hast, noegje wy dy út foar in online ynformaasjegearkomste foar de Fellowship 2026 op tongersdei 3 july 2025 om 16.00 oere.
Betingsten
De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2015)
Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte
Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:
Fryske skiednis
Fryske literatuer
Fryske kultuer
It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.
Stipendium
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkiesde fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).
Kritearia
Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:
a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist
b. De helberens fan it projekt
c. It ynnovative en kreative karakter
d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk
e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel
f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel
Fasiliteiten
Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven
Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de fellowship en de ynformaasjegearkomste op tongersdeitemiddei 3 july is te finen by Tresoar.