Fakatuere: postdokbeurs foar ien jier

Bisto in postdoktoraal ûndersiker en liket it dy wol wat om njoggen moannen ûndersyk te dwaan yn Ljouwert en trije moannen yn Cambridge? En der noch foar betelle te krijen ek? De Fryske Akademy en de Universiteit fan Cambridge hawwe de lapen gearsmiten en biede dy no in fantastyske kâns om dy in jier lang te ferdjipjen yn de betrekkingen tusken Frisia en Grut-Brittannië, Ierlân en/of Skandinavië yn de iere midsiuwen (sa. 400 -1100). It mei dêrby gean om skiednis, archeology, literatuer, taal of in kombinaasje fan dissiplinêre ûndersyksbenaderingen.

Ynternasjonale gearwurking

De Fryske Akademy en de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC) fan de Universiteit fan Cambridge hawwe, mei tank oan it Frysk Akademy Fûns en it Dennis Green Fund, in ienjierrige postdokbeurs (fellowship) opsette kinnen foar 0,8 -1,0 fte, te begjinnen yn septimber 2026. Socht wurdt nei in promovearre kandidaat, dy’t syn of har ûndersyk ûntwikkelje wol yn line mei de ekspertize fan beide ynstellings.

Hoe kaam dizze ynternasjonale gearwurking no eins ta stân? De Fryske Akademy is fansels in relatyf lyts ûndersyksynstitút. We fregen it oan Rory Naismith, heechlearaar iermidsiuwske Ingelske skiednis oan de Universiteit fan Cambridge. “Ik wurkje by de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC), in lytse mar tige aktive ôfdieling oan de Universiteit fan Cambridge,” fertelt Naismith. “It ûndersyk dêr rjochtet him op de skiednis, talen, literatuer en kultueren fan midsiuwsk Grut-Brittannië, Ierlân en Skandinavië. De ôfdieling stipet ek mei klam it ûndersyk nei de eardere kontakten mei dy regio’s en harren buorlannen. Wat ús ynteressegebiet en de benaderingen dy’t wy yn ús ûndersyk hantearje oanbelanget, slute wy dus alhiel oan by wat de Fryske Akademy docht. In partnerskip liket dus in tige natuerlike en winsklike stap.”

“Cambridge en Ljouwert binne prachtich!”

In gearwurking tusken meiwurkers fan beide ynstellingen wie der al in skoft, mar no die bliken dat de tiid ryp wie om de relaasje te bekrêftigjen mei it opsetten fan in fellowship. “Dit wjerspegelet ús mienskiplike winsk om yn te spyljen op de útdaagjende situaasje yn it fakgebiet”, leit Naismith út. “We wurkje yn in tiid wêryn’t middels en kânsen krap binne, benammen foar begjinnende wittenskippers. It is dêrom hiel wichtich om ynternasjonale relaasjes te befoarderjen, om ûndersikers de bêst mooglike kâns te jaan om tusken ferskillende akademyske systemen te wurkjen.” 

By de Fryske Akademy wurdt al langer ûndersyk dien nei de (iere) midsiuwen, lykas it ûndersyk nei kening Redbad, de maritime hannelsbetrekkingen en it ûndersyk nei it Aldfrysk. Mar hoe slút dit fellowship oan by wat ASNC al docht op it mêd fan ûndersyk nei de Noardseeregio en de iere midsiuwen? Naismith: “ASNC is eins in dynamysk ûndersykssintrum. Us meiwurkers hâlde harren dwaande mei in breed skala oan ûnderwerpen dy’t de hiele Noardsee bestrike: hoe rûnen de jildstreamen, wat binne de taalkundige en literêre ynfloeden, wa wiene de reizgjende gelearden, en noch folle mear. It is dus in perfekte partner foar de Fryske Akademy.” 

De fakatuere stiet iepen oant 28 juny. Frege wurdt om in koart ûndersyksfoarstel, in motivaasjebrief mei cv, en in akademyske referinsje. De selektearre kandidaat komt foar in jier yn tsjinst fan de Fryske Akademy, en mei njoggen moannen ûndersyk dwaan yn Ljouwert en trije moannen yn Cambridge. “Beide ynstellingen binne freonlike en noflike wurkplakken,” seit Naismith mei klam ta beslút. “En se binne gelegen yn prachtige en histoaryske stêden!”

Brieven fan Nynke fan Hichtum en Piter Jelles Troelstra jouwe in oandwaanlik ynsjoch yn har húshâlding

School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.

Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.

‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’

De brieven jouwe in oangripend byld fan harren opfiedingsidealen, harren soargen op harren soan Jelle en de maatskiplike ideeën fan har tiid. Se litte sjen hoe’t Nynke har soan mist, mar ek hoe’t se har twivels, sûnens, houlik en idealen mei in soad iepenheid bepraat. De korrespondinsje lit sa net allinnich in kwetsbere mem sjen, mar ek in frou mei sterke oertsjûgingen oer opfieding en minsklikens.

Vreeling foarsjocht de brieven fan taljochting en histoaryske kontekst, en ûndersocht de persoanen, plakken en ideeën dy’t deryn foarkomme. Sa ûntstiet in ynkringend portret fan in húshâlding tusken idealen en werklikheid – én in weardefolle nije blik op twa bekende Friezen.

School zonder tranen ferskynt by Uitgeverij Verloren en is fan 7 novimber ôf te krijen by de boekhannel.

Lês hjir in ynterview mei de skriuwer.

Oprop Tresoar Fellow 2026

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2026-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.

Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 7 novimber 2025 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.

Mear ynformaasje oer it Fellowship is te finen fia de link ûnder dit berjocht. Ast ​​fragen of opmerkings hast, noegje wy dy út foar in online ynformaasjegearkomste foar de Fellowship 2026 op tongersdei 3 july 2025 om 16.00 oere.

Tresoar

Betingsten

  • De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2015)
  • Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
  • De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
  • De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
  • By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:

  1. Fryske skiednis
  2. Fryske literatuer
  3. Fryske kultuer

It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Stipendium

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkiesde fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).

Kritearia

Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:

a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist

b. De helberens fan it projekt

c. It ynnovative en kreative karakter

d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk

e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel

f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel

Fasiliteiten

  • Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven
  • Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de fellowship en de ynformaasjegearkomste op tongersdeitemiddei 3 july is te finen by Tresoar.