Een grote locatievoorstelling is niet compleet zonder figuranten! Voor Fanfare is al een hele gelegenheidsfanfare opgezet met ruim dertig fanatieke muzikanten; daarnaast zijn er ook nog figuranten nodig.
Liket it dy altyd nochris leuk om mei te dwaan oan sa ‘n grutte teäterproduksje? Jou dy dan foar 1 maaie op fia it oanmeldformulier.
Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon. No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifekrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifekrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?
Seis skriuwers (Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman) skreaunen nije teksten. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Coltof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten. Vader en Zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. It is in humoristyske, oandwaanlike en soms pynlike teaterdialooch. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte.
tekst: Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman spul: Joop Wittermans, Mads Wittermans regy: Liesbeth Coltof dramaturgy: Jan Veldman foarmjouwing: Guus van Geffen kostúms: Mathilde van der Hoop Vader en zoon is foar it grutste part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk. De foarstelling is in ko-produksje fan Tryater en Theater Producties Wittermans.