Suksesfolste Fryske Boekewike ea

De Fryske Boekewike hat dit jier in rekôr brutsen: it kadoboek Oan ’e ein fan De Oere fan Anne-Goaitske Breteler is folslein útferkocht. Noch nea earder wie der sa’n grutte fraach nei it spesjaal útjûne Kadoboek.

Anne-Goaitske Breteler by de presintaasje fan it Kadoboek ©Foto: Hoge Noorden / JACOB VAN ESSEN

It Kadoboek ferskynde yn in oplage fan 1.500 eksimplaren. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: “It kadoboek wie healwei de Boekewike al hast útferkocht, en doe moast Anne-Goaitske noch trije lêzingen jaan. Boekhannels dy’t te min eksimplaren ynkocht hienen, moasten wy spitigernôch teloarstelle, want wy koenen net mear leverje.”

Ek Anita Schaaf fan Boekhannel Van der Velde yn Dokkum ûnderstreket it sukses: “Wy hawwe noch noait sa’n soad Fryske boeken ferkocht. De hiele kast mei Fryske fiksje en non-fiksje wie praktysk leech.”

It oangripende ferhaal oer de fjouwer bern Zwart út Peazens-Moddergat hat dúdlik in soad lêzers rekke. Skriuwer Anne-Goaitske Breteler: “Ik hie net ferwachte dat de Boekewike safolle opsmite soe. Oeral folle sealen, en dan ek noch in protte nije ynformaasje en bysûndere anekdoates oer de famylje Zwart as reaksje fan it publyk. Ik bin noch altyd oan it neigenietsjen.”

Fanwegen it grutte sukses ferskynt op freed 28 novimber in twadde printinge yn in oplage fan 1.000 eksimplaren by Utjouwerij Afûk.

Boekgegevens

  • Titel: Oan ’e ein fan De Oere
  • Auteur: Anne-Goaitske Breteler
  • ISBN: 978-949 331 8663
  • Utfiering: paperback
  • Ferkeappriis: € 14,95
  • www.afuk.frl

Fryske Boekewike

De Fryske Boekewike set dit jier útein mei it Boekefeest yn ‘Hof van de Koning’ op It Hearrenfean op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’, skreaun troch Ferdinand de Jong, is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske Boeken by jo boekhannel.

De Oarloch fan Jan Snip – Ferdinand de Jong. Utjouwer: Bornmeer.

Frysk Boekefeest

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom

In libbensreis yn ferhalen en muzyk

Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.

It programma duorret twa kear 45 minuten mei in healoere skoft. By alle optredens fan Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra binne de nijste Fryske boeken te keap.

Boeken fan Fryslân

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal.

Mear ynformaasje oer de Fryske Boekewike en aktiviteiten is hjir te finen.