Skriuw! – in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint

Skriuw! is in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint dat learlingen oanset ta kreatyf skriuwen yn it Frysk. It doel is om safolle mooglik learlingen fan groep 7 en 8 Frysk skriuwe te litten.

It projekt bestiet út in tal opdrachten dy’t de learlingen yn de klasse dwaan kinne om it kreative skriuwen te stimulearjen. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de feardichheden om oan de ein in ferhaal te skriuwen foar de ferhalewedstriid. It bêste ferhaal wint hjirby fansels in priis en sil brûkt wurde as basis foar de tekst fan it fineale-evenement.

Want Skriuw! is ék de opfolger fan it bekende ‘Lyts Frysk Diktee’ en op 26 maaie 2026 sil de Skriuw! Finale yn de Steateseal fan it Provinsjehûs plak hawwe. Yn dy finale wurdt bekend wa’t fan alle learlingen yn Fryslân it bêst Frysk staverje kin.

Dogge jim ek mei?

Oanmelde kin oant 20 maart 2026 fia dizze website. Nei it oanmelden ûntfange jim in (digitaal) boekje mei alle opdrachten om te oefenjen.

Ynstjoere fan de ferhalen en it seleksjediktee foar de finale kin oant 17 april 2026.

Op 21 april 2026 wurdt bekendmakke hokker ferhaal wûn hat en wa fan de learlingen meidwaan kinne oan de staveringsfinale yn it Provinsjehûs.

Fryske freed op twa middelbere skoallen Drachten

Sûnt dit skoaljier stiet op middelbere skoallen Liudger Raai en Splitting yn Drachten alle moannen ien freed yn it teken fan de Fryske taal. Fan de playlist yn de kantine oant de dei-iepeningen: alles is dan Frysk. Fryskpraters prate Frysk en Nederlânskpraters wurde oanmoedige om mei te dwaan. In moaie ‘good practice’ fan it nije kearndoel oer taalbewustwêzen!

fia Taalplan Frysk 2030