De Fryske Beweging kaapt webside nije omrop dy’t minder Frysk nijs wol

Omrop Fryslân soe te Frysktalich wêze, neffens de inisjatyfnimmer fan in nije konkurrint foar de regionale stjoerder. De Fryske Beweging is it dêr net mei iens en wol just dat der mear Frysk yn Fryslân te sjen en lêzen is. Dêrom hat de belange-organisaasje foar it Frysk de webside fan de nije stjoerder ort.frl registrearre en trochlinkt nei syn eigen Frysktalige webside Goeie.frl. 

De konkurrint fan Omrop Fryslân soe as namme ORT FRL krije, mar wa’t no nei ort.frl ta giet komt op de side fan De Fryske Beweging út. Dêr wurket in redaksje oan it sichtber meitsjen fan de ‘rykdom fan Fryslân’. Neffens de foarsitter fan De Fryske Beweging, Sjirk Eildert Bruinsma, is in mear Nederlânsktalige stjoerder as ferfanger fan Omrop Fryslân in ‘striemin idee’. “De inisjatyfnimmer wol mear balâns yn it Fryske medialânskip. Dat wolle wy fansels ek graach. Mar dat betsjut wat ús oanbelanget dat de krante ek wolris yn it Frysk nijs bringe mei. En dat de bebuording yn treinen ek twatalich wêze kin. Net dat ien fan de bêste stjoerders fan Nederlân opdutsen wurdt.” 

Ludyk

It inisjatyf om de webside fan ORT FRL fêst te registrearjen is neffens de foarsitter ‘ludyk’, mar wol mei in serieuze ûndertoan. 94% fan de ynwenners fan Fryslân ferstiet it Frysk aardich tot hiel goed, neffens de Fryske taalatlas. Foar hast seis op de tsien ynwnners is it Frysk de memmetaal. Bruinsma: “Der liket in idee achter it inisjatyf te sitten dat Frysk prate minsken útslúte soe. Dat giet fansels net op, it Frysk is hjir de grutste memmetaal. Wêrom soene dy net yn de eigen taal nijs meikrije meie? Boppedat, as je it nijs yn it Nederlânsk meikrije wolle dan hat sels Omrop Fryslân dêr gewoan in knopke foar yn de app. Wat ús oanbelanget mei der earder noch wol in skepke Frysk boppe op.”

De Fryske Beweging

De Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Fryske Beweging is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De stifting hat in advysried dêr’t ferskate Fryske Bewegingsorganisaasjes in sit hawwe.

50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat

 

Jan Koster krijt de list mei 50 redenen fan Annigje Toering (FNP)

De FNP, de Freonen fan Omrop Fryslân en de Ried fan de Fryske Beweging lansearren op sneon 15 desimber de aksje ‘Romte foar Omrop Fryslân’. It giet om in on-line petysje tsjin it plan fan it ryk om Omrop Fryslân yntegrearje te litten by de lanlike publike omrop en der tagelyk stevich op te besunigjen. Neffens de inisjatyfnimmers hat Omrop Fryslân as iennichste Frysktalige omrop in oare posysje. Ek is it plan yn striid mei ferskate ynternasjonale ferdragen, lykas it Hânfêst foar Minderheidstalen, en ek yn striid mei eardere ôfspraken tusken ryk en provinsje oer Omrop Fryslân. By de start fan de aksje krige direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân in list fan 50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat út hannen fan Annigje Toering en Nynke Beetstra fan de Frysk Nasjonale Partij.

50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat

  1. Ik kin dochs net sliepe sûnder Bear Boeloe
  2. Wa docht dan live-ferslach fan de PC? En…
  3. Wêr kin ik it oare keatsen folgje?
  4. Wêr kriget Fryske streektaal yn muzyk in poadium as Radio Froskepôle ferdwynt?
  5. Wa lit my bylden sjen fan Fryslân hoe’t it eartiids wie?
  6. Hoe krij ik myn bern oan it lêzen sûnder Tomke?
  7. Fryske keunst en kultuer yn K-rûte; dat fynst dochs nearne oars?
  8. Wêr sjoch ik de nijste Fryske hits sûnder Klipkar+? En…
  9. Wêr kinne leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands terjochte sûnder it Koperkanaal
  10. Wa lit dan de Fryske Top-100 sjen en hearre?

Continue reading “50 redenen wêrom’t Omrop Fryslân bliuwe moat”