Dizze wike is it Sichtberensakkoart Frysk / Fryske taal ûndertekene troch minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes.

sichtberens Frysk

It akkoart, as oanfolling op ‘e BFTK 2019-2023, makket it Frysk sichtberder yn ‘e iepenbiere romte en yn kommunikaasje-uterings. Sa wurde paadwizers yn iepenbiere romten yn Rykskantoaren yn ’e provinsje Fryslân twatalich en wurdt ek de tydlike bebuording en
oare iepenbiere tydlike ynformaasjefoarsjenning om Rykswegen hinne twatalich. Boppedat ser it ministearje fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes Ryksbreed yn
op it better foarljochtsjen oer it brûken fan ’e Fryske taal yn kommunikaasje-
uterings út ’e Ryksoerheid wei.

It folsleine akkoart is hjir del te laden.

sjoch ek it berjocht op Omrop Fryslân. Foto: Onno Falkena

Ferskate organisaasjes fiere Ynternasjonale Memmetaledei

Op snein 21 febrewaris hawwe ferskate organisaasjes omtinken jûn oan de Ynternasjonale Memmetaledei.

Nije direkteur fan de Stichting Stellingwarver Schrieversronte Abel Darwinkel wie te gast by Buro de Vries, by Omrop Fryslân.

Harkje it fraachpetear hjir werom


Henk Wolf stie de NDR yn Hallo Niedersachsen te wurd oer it Seelterfrysk.

Sjoch de fideo hjir werom.


De Afûk sammele foto’s fan Frysk op ‘e dyk mei de #Frysksichtber

Sjoch hjir de ynstjoerings foar #Frysksichtber