In primeur: Keningsdei foar it earst live mei Frysk kommentaar

Dit jier krijt Keningsdei in histoarysk Frysk lûd. Omrop Fryslân en RTV NOF bringe de lanlike útstjoering út Dokkum foar it earst mei Frysk kommentaar. In primeur: noch nea earder wie de nasjonale fiering op dizze wize yn it Frysk te folgjen. Dêrmei krijt de útstjoering net allinne in Frysk lûd, mar ek in dúdlik Frysk perspektyf.

Dokkum stiet dit jier sintraal yn de lanlike fiering, mei de besite fan de keninklike famyljeoan de stêd. Wêr’t gewoanwei miljoenen sjoggers ôfstimme op de nasjonale útstjoering, krijt it publyk no de kâns om alles yn it Frysk te folgjen. Fan de oankomst oant de rûte troch de stêd.

Frysk kommentaar by lanlike bylden

Op moandei 27 april, tusken 11.00 en 13.00 oere, wurdt oerskeakele nei de lanlike útstjoering fan de NOS. De bylden wurde fan kommentaar foarsjoen troch Harm Weistra en Bearn Bilker. Weistra is haadredakteur by RTV NOF en presintator by Omrop Fryslân. Bilker stiet bekend as kenner fan it Keninklik Hûs. “Unyk dat wy yn gearwurking mei de NOS dit dwaan meie, echt in stikje omropskiednis dat wy skriuwe yn ús twadde rykstaal,” seit Weistra. Ek de NOS sjocht út nei de gearwurking: “De NOS vindt regionale identiteit van groot belang en met het Fries als officiële Nederlandse taal is het logisch dat bij Omrop Fryslân de kijkers Koningsdag in hun eigen taal kunnen volgen. ” Bilker is optein oer de besite fan it keningshûs: “Dat Dokkum it plak fan de keninklike besite wurden is, dat is fantastysk. Ik bin alle dagen mei it Keninklik Hûs dwaande, dat dit no sa byinoar komt is prachtich. Ik ha der o sa’n nocht oan.”

Harm Weistra en Bearn Bilker jouwe live kommentaar – Bron: Omrop Fryslân

Mei-inoar makke, út it hert fan Dokkum

Omrop Fryslân en RTV NOF dogge de ferslachjouwing fan Keningsdei mei -inoar. Fan 20 april ôf folgje se de tariedingen fia in pop-up redaksje. It deistige programma Kroan op Dokkum bringt ferhalen fan organisaasjes en ynwenners en is alle dagen fan 17.15 oere ôf alle oeren te sjen op tv en online.

Op freedtejûn stjoert RTV NOF op syn kanalen live de iepening fan it Keningswykein út, mei it spesjale Keningsliet dat makke is. Op snein is de tsjerketsjinst yn de binnenstêd fan 10.00 oere ôf streekrjocht te folgjen by beide omroppen.

Live, tichtby en yn it Frysk

Op Keningsdei bringe beide omroppen fan 8.00 oere ôf in liveprogramma út Dokkum. Nei de lanlike útstjoering giet de ferslachjouwing oant 18.00 oere sûnder ûnderbrekking fierder mei eigen reportaazjes en ferhalen út de stêd. Jûns is in kompilaasje fan de hichtepunten fan de dei te sjen.