Keninklik Frysk Genoatskip bringt boek oer 200 Fryske froulju 

It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it KFG mei in jubileumboek mei dêryn biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. De ôftraap wie tongersdei 19 desimber, oanslutend op in lunchlêzing troch Els Kloek yn Tresoar. Sy ynspirearre it KFG. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. It stribjen is om it boek op 8 maart ’27, Ynternasjonale Frouljusdei, te presintearjen. 

Els Kloek is troch har boeken 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis en 1001 vrouwen in de 20ste eeuw foar it KFG it grutte foarbyld foar in soartgelyk projekt yn Fryslân. Fan no ôf stiet op koninklijkfriesgenootschap.nl in list mei 100 froulju, mei in oprop oan it publyk foar oanfoljende nammen. Sjoen it grutte sukses fan it wurk fan Kloek yn Nederlân, ferwachtet it KFG dat it projekt wis oanslaan sil. It is in kâns om froulju it plak yn de skiedskriuwing te jaan dy’t se fertsjinje. 

Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t tusken 1827 en 2027 in wichtich part fan harren libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hiene. It boek wurdt twatalich. Oft in biografy yn it Frysk of it Nederlânsk opnaam wurdt hinget ôf fan de oanbelangjende frou. De biografyen wurde ferdield oer tal fan maatskiplike tema’s. Sa wurdt de gearhing ferdúdliket en wurde frouljusmienskippen sichtber. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder fan it projekt en is fan plan nei 2027 it projekt ek digitaal in plak te jaan. 

Tialda Hoogeveen by it portret fan fersetsfrou en skriuwer Tiny Mulder. Foto: Natalia Balanina.



Nije rykdom oan ynformaasje 
It KFG befoarderet it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer. It KFG-bestjoer hat it idee foar it boek fan genoatskipslid Alex Riemersma omearme om’t it genoatskip oant no ta benammen omtinken jûn hat oan manlju. Ek yn it KFG sels hawwe manlju lang oan it roer stien. Pas yn 2023 bestie it KFG-bestjoer foar it earst út mear froulju as manlju. It KFG-bestjoer beskôget dit projekt dan ek as in lytse ynhelslach. It sjocht dit projekt tagelyk as maatskiplik weardefol. Omtinken foar froulju yn de Fryske kontekst sil liede ta in nije rykdom oan ynformaasje en in better begryp fan de histoaryske ûntwikkelingen yn Fryslân. 

Skiednissen opdûkelje 
Tialda Hoogeveen is skriuwer, sjoernalist en Berneboekeambassadeur. Se wie oant foar koart einredakteur fan ‘de Moanne’ en hat histoaryske boeken skreaun as als De geur van hooi en Alstublieft, mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes. Hoogeveen: “Geweldich dat der op sa’n grutte skaal omtinken komt foar froulju dy’t wichtich west binne foar Fryslân. It liket my in moaie reis om de takom jierren mei in hiel team skiednissen fan froulju op te dûkeljen en wrâldkundich te meitsjen, sadat se sichtber wurde foar in grut publyk. It boek is hooplik in begjin fan in fierdere reis nei oare publikaasjes lykas dokumintêres, podcasts, artikels of biografyen.”