Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 set útein!

Wa wint dit jier de felbegearde Gouden Fear? Alle bern út de groepen 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025. Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber. Leaver in fergeze workshop Frysk dichtsjen op skoalle? Ek dat kin. Us edukaasjemeiwurkers komme yn april of maaie graach op skoalle del.

Gysbert Japicx: grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal

Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t hy de grûnlizzer is fan de skreaune Fryske taal. Gysbert Japicx libbe fan 1603-1666 en is in grutte namme op literêr mêd. Der binne in protte Fryske skriuwers en taalkundigen dy’t it wurk fan Gysbert Japicx brûkt en bestudearre hawwe. Gysbert Japicx syn bertehûs stiet yn Boalsert. Ek yn dizze tiid is hy noch altyd in ynspiraasje foar in protte Fryske dichters, skriuwers, muzikanten en wittenskippers. Mei de organisaasje fan de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis en in edukatyf programma dat dêr oan foarôf giet, wurdt Gysbert Japicx syn namme en syn wurk libben en yn eare holden!

Priisútrikking en ‘De Alve fan Gysbert’

Ut alle ynstjoerde gedichten krije alve gedichten in nominaasje foar de priis. Fan dizze ‘Alve fan Gysbert’ wurdt in eksposysje makke, dy’t te sjen wêze sil yn Tresoar. In offisjele sjuery kiest úteinlik it winnende gedicht. Op 11 oktober 2025 is de feestlike priisútrikking yn Boalsert, de bertestêd fan Gysbert!

Online lesprogramma mei wurkblêden en filmkes

Yn twa lessen kinst as master of juf mei de bern út de groepen 7 en 8 oan de slach om yn Frysk gedicht te meitsjen. Sa’n gedicht kin ynstjoerd wurde foar de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025! Ek gedichten dy’t makke binne yn de Poëzywike of by oare gedichteprojekten kinne meidwaan oan de wedstriid!

It online lesmateriaal mei filmkes, wurkblêden en hantliedingen binne te finen op de webside fan tresoar

Meidwaan

It ynstjoeren fan gedichten kin o / m 20 juny 2025. Mear ynformaasje is hjir te finen.

Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster Jetske Bilker foar har boek ‘Spegel en sonde.  

Lytse Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen. 

Bern yn hiel Fryslân diene mei oan in edukaasjeprojekt fan Tresoar, skreaune gedichten en stjoerden dy yn om yn oanmerking te kommen foar dizze fûl begearde priis. Sytze de Haas, dy’t foar de simmer noch yn groep 8 fan Regioskoalle De Greidefûgel yn Baard siet, skreau it gedicht ‘Ik gean fuort’ en wûn dêrmei de priis. De sjuery dy’t bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân), Wybo Smids (Akteur en muzikant) en Tjitske van Dijk (Skriuwster lesmateriaal by de Afûk), seit oer it gedicht: “It gedicht is hiel persoanlik en dochs is it foar elkenien werkenber”. 

útrikking

Nei de útrikking, troch wethâlder Petra van den Akker fan gemeente Súdwest-Fryslân, mei de priiswinner syn namme op in spesjaal boerd sette yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan Gysbert Japicx yn Boalsert.  

Elkenien is wolkom om by de útrikking fan de (Lytse) Gysbert Japicxpriis op sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert te wêzen. De ynrin yn de tsjerke, mei kofje en tee, is om 14.15 oere. It offisjele programma duorret fan 15.00 oant 16.30 oere.