It is hjoed de Europeeske Dei fan de Talen!

It EBLT, Europeesk Buro foar Lytse Talen, en it Mercator Europeesk Kennissintrum (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) brochten dêrom hjoed in besite oan Firda by de oplieding Travel & Hospitality. Sy sleaten oan by in les Meartalige Kommunikaasje yn de Beropspraktyk dy’t Tsjikke van der Veen en Wieger van Keulen fan de Afûk fanút Wy binne mbû en it Praktoraat Frysk & Meartaligens dêr fersoargen foar sa’n 30 earstejiers studinten, yn gearwurking mei dosint Ingelsk Marcel Keizer.

Janneke Brakels yn de klasse. Foto: EBLT

Meartalige les

Mei meardere talen – it Frysk, Biltsk, it Amelânsk en it Ingelsk – en ûnder lieding fan Janneke Brakels hawwe de studinten oan ’e slach west mei meartaligens. Doel is de studinten bewust te meitsjen fan lytse talen en harren te stimulearjen om iepen te stean foar oare talen yn de toeristyske sektor, harren takomstige fakgebiet. It giet dan om it Ingelsk en Frysk, mar bygelyks ek it Grinslânsk, Stellingwerfsk en Biltsk. 

Gerard de Jong fan it EBLT, Jelske Dijkstra fan Mercator Europeesk Kennissintrum en Jacob Roep fan Tresoar fersoargen in moaie yntroduksje oer de ferskillende lytse talen en ús meartalige provinsje. De studinten diene dêrnei in spul mei ferskillende stellingen, om sa sichtber te meitsjen hoe’t studinten omgeane mei talen. 

Tsjikke van der Veen: “Mei dizze moarn kreëarje wy bewustwêzen by de studinten fan dy meartaligens yn ús provinsje en se ûnderfine dat it handich is om mear talen prate en ferstean te kinnen yn dizze toeristyske sektor. Dat kin bygelyks liede ta it bewust kiezen foar in kardiel (keuzedeel) Frysk of in oare taal yn de oplieding.”

By in feestlike dei as Europeeske Dei fan de Talen heart ek gebak.

Oer de organisaasjes

It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.

‘Wy binne mbû’ is in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk mei as doel de posysje fan it Frysk yn it mbû it fersterkjen. It is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.

DINGtiid komt mei advysrapport “Ferlet fan in sterker plak foar it Frysk yn it mbû”

Yn it middelber beropsûnderwiis is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal. Der binne genôch mooglikheden om dat te regeljen. Dat docht bliken út it nijste advysrapport fan DINGtiid. Op tongersdei 10 july hawwe Harry van der Molen (Firda) en Harry Bevers (VVD) it advys ‘Oan it wurk mei it Frysk: advysrapport oangeande de posysje en fuortsterking fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’ oanbean krigen troch bestjoerder Alex Riemersma fan DINGtiid.

Oanlieding advysrapport

Yn 2022 waard de moasje fan Van der Molen en Bevers (doedestiids beiden Twadde Keamerlid) om ûndersyk te dwaan nei it Frysk yn it mbû unanym oannommen. Yn oparbeidzjen mei it gearwurkingsferbân Wy binne mbû hat DINGtiid yn 2023 in rjochtingjaande advysbrief oanbean oan BZK en OCW mei dêryn ûnder oaren de oanbefelling om sa gau as mooglik in praktoraat Frysk en meartaligens foar it mbû yn te stellen. Dat advys is ûnderwylst útfierd mei de oanstelling fan dr. Lysbeth Jongbloed-Faber as praktor “Fryske taal en geletterdheid yn in meartalige kontekst” mei yngong fan 1 maaie. Oanslutend is ferdjipjend ûndersyk dien, dêr’t de resultaten no fan presintearre wurde.

Mbû as missende skeakel yn trochgeande learline
Yn Fryslân is by in protte profesjonals yn praktyske beroppen yn midden- en lytse bedriuwen it Frysk meastentiids de fiertaal, sawol mei klanten en saaklike relaasjes as ûnder kollega’s. Elk hat dus ferlet fan Frysk ferstean en praten. Dat makket it belang fan in goede posysje foar it Frysk op it mbû ek sa grut. Yn de trochgeande learline Frysk fan it foarskoalsk ûnderwiis oant de universiteit, is it mbû oant no ta de ûntbrekkende skeakel. Dat foar krekt it mbû noch gjin passend belied is, mei nuver hjitte: ommers, fierhinne it grutste oanpart fan de Fryske jongerein kiest nei it fuortset ûnderwiis foar in oplieding op it mbû.

It ôfrûne desennium binne tal fan goede inisjativen ûntstien: in gearwurkingsferbân fan alle relevante aktoaren yn it fjild om de posysje fan it Frysk op it mbû te fersterkjen, in kardiel Frysk yn ’e beropspraktyk op ferskate nivo’s, it oprjochtsjen fan in praktoraat en in gearwurkingstrajekt tusken Firda en NHL Stenden om dosinten Frysk op te lieden spesjaal foar it mbû. Ek by it Ryk, de provinsje en de mbûopliedings is de lêste jierren it besef trochkrongen dat it Frysk as fak en fiertaal omtinken fertsjinnet.

Oanfoljende oanbefellings
Yn oanfolling op de oanbefellings út it earste advys, komt DINGtiid no mei de folgjende ferdjipjende oanbefellings:

  1. Undertekenje artikel 8.1.d.ii fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen en set dy ferdrachsferplichting om yn nasjonale wetjouwing. (Dit is in werhelling fan ús oanbefelling út de advysbrief fan 2023).
  2. Lis wetlik fêst dat mbû-studinten yn Fryslân rjocht hawwe op in substansjeel oanpart Frysktalich ûnderwiis binnen it yndividuele leartrajekt.
  3. Jou mbû-ynstellings yn (streek)taalregio’s de romte om regionaal taalklimaat en de meartalige regio in fêst plak te jaan yn it kurrikulum.
  4. Befoarderje dat mbû-dosinten fakbetûft yn it Frysk wurde kinne en skep dêrta de goede rânebetingsten.
  5. Haw der each foar dat de ferwurven kwalifikaasjes Frysk meitelle foar de eventuele trochstreaming nei it hbû.
  6. Fersykje it praktoraat te ûndersykjen wêr’t it Frysk as regionale beropskwalifikaasje it bêste past en haw dêrby spesjaal omtinken foar kontaktberoppen.
  7. Fersykje it praktoraat te ûndersykjen hoe’t differinsjaasje yn de eksamenkwalifikaasjes befoardere wurde kin.
  8. Fersykje it praktoraat om it funksjonearjen fan it beropsrjochte kardiel Frysk te ûndersykjen.
  9. Fasilitearje dat takomstich plysjemeiwurkers fan de Plysje-Akademy yn Drachten dy’t har takomstich wurkfjild yn Fryslân hawwe, binnen har oplieding kieze kinne foar it folgjen fan in kursus Frysk.
  10. Stimulearje it oparbeidzjen fan it praktoraat mei de hbû-lektoraten en wûlearstoel, rjochte op de trochgeande learline en op inoar oansluten fan ûndersyk.

DINGtiid-bestjoerder Alex Riemersma is derfan oertsjûge dat it Ryk mei dit advysrapport konkrete oanbefellings krijt om it Frysk op it mbû te boargjen en fierder stal te jaan. “It Frysk as omgongstaal yn de beropspraktyk kin in goede skeakel foarmje tusken bedriuwslibben en it mbû – krekt dêrom is der ferlet fan wetlike boarging fan it Frysk yn de mbû-ynstellings.”

It advysrapport is beskikber (Frysk en Nederlânsk) by DINGtiid

MBÛ-ers helje sertifikaten Frysk

Yn it selskip fan deputearre De Vries waarden de sertifikaten útrikt

 

 

 

 

 

 

 

Sûnt 2009 kinne kursisten fan ferskate opliedings fan it MBÛ in sertifikaat Frysk ferstean/sprekken helje. Dit skoaljier hawwe 15 kursisten fan ferskillende MBÛ-grienopliedings fan it  AOC Friesland op It Hearrenfean dat sertifikaat behelle.

Op 21 maaie krigen de kursisten it sertifikaat “Frysk ferstean yn de beropssitewaasje” of “Frysk ferstean en prate yn de beropssitewaasje” útrikt troch deputearre mefr. Jannewietske de Vries.

Om yn oanmerking te kommen foar sa’n sertifikaat moast in portfolio gearstald wurde, dêr’t kursisten yn oantoane, middels bewizen, dat hja it Frysk ferstean, as ek sprekke kinne.
De Provinsje hopet mei it stypjen fan sa’n provinsjaal sertifikaat dat it Frysk in struktureel en fêst plak krijt binnen it curriculum fan de MBÛ’s yn Fryslân. No is it faak noch sa dat de opliedings ûnfoldwaande omtinken jouwe oan meartaligens en it Frysk.