EBLT Presents: WALLS – Akinni Inuk

Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en – aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede.

oer de film

De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan Sofie Rørdam en Nina Paninnaq-Skydsbjerg is op meardere flakken in útsûnderlike reis. Wat begûn as in projekt dêr’t detinearden yn in finzenis yn Nuuk fideokamera’s krigen om har eigen libben fêst te lizzen, groeide út ta in oandwaanlik en wêzentlik ferhaal oer leafde, hoop, minsklike empaty en de striid om in twadde kâns.

Sintraal stiet Ruth Mikaelsen Jerimiassen, al tolve jier foar ûnbepaalde tiid fêst – finzen yn in juridysk nimmenslân tusken Grienlân en Denemarken. As Sofie Rørdam en Nina Paninnguaq-Skydsbjergen de finzenis besykje foar harren filmprojekt, reitsje Ruth en Nina befreone. Troch har yntime petearen ûntdekke se in dield traumatysk ferline en realisearje se har dat se inoar helpe kinne om te ûntsnappen oan de boeiens fan sawol de finzenis as it ferline. It resultaat is in krêftich portret dat de betsjutting fan frijheid op sawol yndividueel as maatskiplik nivo befreget en sûnder sensaasjesucht swiere tema’s as geweld, rjochtfeardigens en kolonialisme behannelet.

WALLS – Akinni Inuk gie dizze maitiid yn premjêre op it CPH: DOX-festival yn Kopenhagen, dêr’t it de NORDIC: DOX Award wûn, en wie dêrnei ûnder oare te sjen op festivals yn Toronto en Haugesund. De film waard nominearre foar de Nordic Council’s Film Prize en is de earste Grienlânske dokumintêre ea dy’t selektearre waard om it lân te fertsjintwurdigjen by de 98ste Academy Awards. WALLS – Akinni Inuk belibbet op it Noordelijk Film Festival de Nederlânske premjêre.

  • rezjy: Sofie Rørdam, Nina Paninnguaq Skydsbjerg
  • ûndertiteling: Ingelsk
  • taal: Grienlânsk
  • produksjelân: Grienlân
  • jiertal: 2025
  • filmdoer: 1 oere 25 min

mear ynformaasje

De Gjalp: twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters

Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.

GJALP 1 – Dichtsje by histoarysk filmmateriaal

Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele.

De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte foarfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500 en de teksten wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne.

Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com

GJALP 2 – Dyn eigen literêre projekt mei film

Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasje- eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe.

In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der €500 beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.

Ynstjoere kin oant freed 1 augustus nei: gjalp25@gmail.com (Meardere ideeën ynstjoere mei!)

De Gjalp is in gearwurkingsprojekt fan literêr tydskrift de Moanne, Ensafh en dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei it Noardlik Film Festival en it Frysk Film & Audio Argyf.

EBLT presents: Witte Wieven

Fan 13 oant en mei 17 novimber hat it Noordelijk Film Festival plak yn Ljouwert, it jierlikse filmfestival fan it noarden. Op tongersdeitejûn presintearret it EBLT de Nedersaksyske film Witte Wieven, yn in útferkochte seal.

Witte Wieven

Ferwachtsje smeulende midsiuwske horror yn Witte Wieven fan Didier Konings. De film fertelt it ferhaal fan de jonge Frieda, dy’t fanwege har bernelleazens ferkettere wurdt troch har mienskip. Wanhopich siket se har taflecht yn gebed en rituelen, mar de antwurden komme net fan God. Wannear’t se weromkomt út it ferbeane bosk om it doarp hinne, wurdt se beskuldige fan hekserij. De mysterieuze wite widdowen en de tsjustere krêften fan ‘e bosk biede Frieda lykwols in nije foarm fan krêft.

Witte Wieven is in yntinse, folkloristyske horrorfilm fol driging, byleauwige rituelen en froulike befrijing. Mei syn unike fisuele styl sketst Konings in benaude wrâld dêr’t it tsjuster net allinnich bûten, mar ek binnenyn de minske skûlet. De film is folslein sprutsen yn it Nedersaksysk, om in sa autentyk mooglike sfear te kreëarjen.

Noordelijk Filmfestival Memmetaal

De film op it Noordelijk Filmfestival makket diel út fan de programmaline Memmetaal en wurdt fertoand yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), dat ek in ynlieding fersoarget by de film. Lês mear.

It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.